Springe nei ynhâld

Moä-nalo's

Ut Wikipedy
moä-nalo's
In artistike foarstelling fan 'e Mauimoä-nalo (Thambetochen chauliodous).
In artistike foarstelling fan 'e Mauimoä-nalo (Thambetochen chauliodous).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift: echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje: goesfûgels (Anatoidea)
famylje: einfûgels (Anatidae)
ûnderfamylje: echte einfûgels (Anatinae)
tûke: moä-nalo's (Thambetochenini)
Livezey, 1996

Moä-nalo's binne in tûke fan endemyske einfûgels (Anatidae), dy't oant har útstjerren libben op 'e Hawaï-eilannen. De namme is in gearfoeging fan 'e Hawaïaanske wurden 'fûgel' (moa) en 'ferlern' of 'fergetten' (nalo). Moä-nalo's koene net mear fleane.

Snaffel en boarstbien fan 'e Thambetochen xanion.

De skoudergurdles en de wjukken fan 'e moä-nalo's wiene ekstreem redusearre, noch mear as by de Nij-Seelânske Sudereilânreuzemoä's (Dinornis robustus), en ek de einebokkaam (Carina sterni) wie hast folslein ferdwûn. De poaten dêrfoar oer wiene sterk ûntwikkele en hiene dikke en krêftige bonken. Ek wie der dúdlik sprake fan regressy fan 'e skouder- en ravebonke (Coracoid). By in diel fan 'e soarten is de ravebonke òf mei it skouderblêd òf mei de einebok fergroeid. De foarkebonke (Furcula) wie tige swak ûntwikkele en miste mooglik by in populaasje. Yn ferhâlding ta de grutte fan 'e fûgel wiene de wjukbonken tige lyts en faak ferfoarme; de piipbonke (Ulna) en de speakbonke (Radius) wiene meast ta ien bonke fergroeid, de iepening tusken de twa bonkedielen fan 'e Carpometacarpus wie faak sletten en fergroeid mei de earste keat fan 'e grutte finger. De snaffels wiene grut, krêftich en hiene in ûngewoane foarm.

De Cyanea mei de stikels, dy't nei alle gedachten ûntwikkele waarden om him te ferdigenjen tsjin de moä-nola's.

Ear't de Polyneziërs op 'e eilannen kamen, wiene de fûgels de grutste plantefretters op 'e Hawaï-eilannen. Hja wiene der yn spesjalisearre om de plantetriedden efter yn 'e grutte terms te fertarren.

De skyldpodkaakmoä-nalo (Chelychelynechen quassus) hie in hege, brede snaffel, dy't lykas by in skyldpoddebek it maklik makke om it krûd los te skuorren. De langere, nei ûnder bôge spits oan 'e snaffels fan 'e oare moä-nalo-soarten hiene bonke-eftige pseudotosken om gers en tûkjes frette te kinnen. Guon plantesoarten, lykas de Cyanea, ûntwikkelen stikels en in blêdfoarm om de fûgels ôf te skrikken.

Fanwegen de regressy fan 'e wjukken en de skoudergurdles is in systematysk korrekte oardening fan 'e soarten tige dreech. Olson en James tochten yn 1991 op basis fan 'e foarm fan 'e syrinx dat it by de moä-nalo's earder om einen as om guozzen (Anserinae) gean moast. Livezey kaam yn 1996 troch ûndersyk fan it skelet ta de konklúzje dat it in sustergroep fan 'e guozzen en swannen wie. Troch genetysk ûndersyk waard yn 1999 fêststeld dat echte einen (Anatini) de meast besibbe famylje binne.

Nei alle gedachten spalteten de moa-nalo's harren mear as trije miljoen jier ôf fan 'e oare echte einen. Dat betsjut dat de fûgels yn dy tiid de eilannen Kauaï en/of Oähû berikten en letter ek migrearren nei Molokaï, doe't de soarte noch fleane koe. Yn it pleistoseen migrearre de fûgel fan dêr wei nei de eilannen Lanaï en Maui, dy't yn dy tiid mei Molokai ien eilân foarmen. De fûgel koe doe al net mear fleane. Hawaï koe nea kolonisearre wurde, om 't de fûgel by it ûntstean fan dat eilân al lang net mear fleane koe.

Moa-nola's waarden likernôch 1600 jier lyn as ien fan 'e earste fûgelsoarten fan 'e Hawaï-eilannen troch de Polynezyske kolonisten útroege.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Moa-Nalos (ferzje 12 april 2024)