Mnjikaning Fish Weirs

Ut Wikipedy
Mnjikaning Fish Weirs
bouwurk
It plak fan 'e Mnjikaning Fish Weirs.
It plak fan 'e Mnjikaning Fish Weirs.
lokaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
county Simcoe County
plak Orillia
koördinaten 44°36′15″ N 79°22′11″ W
bysûnderheden
type bouwurk wear
boujier fan 3300 f.Kr. ôf
monumintale status Nasjonaalhistoarysk Plak
   fan Kanada
monumintnûmer 9679
kaart
Mnjikaning Fish Weirs (Ontario)
Mnjikaning Fish Weirs
Lokaasje yn Ontario.

De Mnjikaning Fish Weirs (Ingelsk foar "Fûke fan Mnjikaning") is ien fan 'e âldste minsklike bouwurken yn Kanada. It stiet yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, yn it distrikt Muskoka, eastlik fan 'e Georgiaanske Baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hueronmar, op 44°36′16″ noarderbreedte by 79°22′11″ westerlingte. De neiste stêd is Orillia. De Mnjikaning Fish Weirs binne in wear, oftewol in soarte fan fûke dy't bestiet út in stek dat yn ûndjip oerflaktewetter oanbrocht is, yn dit gefal yn 'e Atherley Narrows, de smelle trochgong tusken de gruttere Simcoe-mar, yn it suden, en de lytsere Couchiching-mar, yn it noarden. Mnjikaning, ek wol stavere as M'njikaning, betsjut yn 'e Odjibwe-taal: "by it stek", dat in ferwizing nei de fûke is.

De Mnjikaning Fish Weirs geane, neffens de koalstofdatearring fan 'e âldste dielen, tebek oant omtrint 3300 f.Kr., nei wat argeologen en antropologen de Argayske Perioade yn Noard-Amearika neame. Dêrmei is dizze fûke 5.300 jier âld. Hy waard oarspronklik boud mei staken fan pleatslike houtsoarten, yn 't bysûnder fan 'e westerske libbensbeam (Thuja occidentalis), de sûkeresdoarn (Acer saccharum) en de papierbjirk (Betula papyrifera). Tusken dy staken troch weven de fiskers strewelleguod en oare fegetaasje om der in net-eftich skud fan te meitsjen. De fisken waarden troch it stek nei dearinnende opfangplakken ta loadst dêr't se gjin útwei mear út fine koene. Dêr koene se dan letter troch de fiskers mei spearen of skepnetten (of mooglik mei de hân) fongen wurde. Sa'n wisse itensboarne wie benammen by 't winter fan grut belang.

Troch de milennia hinne waarden de Mnjikaning Fish Weirs nei alle gedachten ûntelbere kearen reparearre of bymakke. De âldste dielen waarden lykwols beholden troch de beskerming dy't it wetter en in laach beskermjend slib deroan bea. De Mnjikaning Fish Weirs waarden mear as 5.000 jier lang brûkt, oant it begjin fan 'e santjinde iuw. De Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain makke noch gewach fan it bestean en gebrûk fan 'e fûke doe't er op 1 septimber 1615 troch it gebiet reizge mei in groep Huroanske krigers, dêr't er mei ûnderweis wie nei in fjildslach mei de Irokezen oan 'e súdigge fan 'e Ontariomar. Op 12 juny 1982 erkende it Kanadeeske regear de Mnjikaning Fish Weirs as in nasjonaal monumint mei de status fan Nasjonaalhistoarysk Plak fan Kanada. De fûke is hjoed de dei op 'e noed fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje. Yn 1993 rjochten leden fan dy Odjibwe-stamme de Mnjikaning Fish Fence Circle op, in organisaasje dy't tawijd is oan 'e beskerming en it behâld fan 'e fûke.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.