Minnistetsjerke fan Makkum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Minniste Tsjerke yn Makkum mei byhearrende kosterswente anno 2011

De Minnistetsjerke fan Makkum is in monumintaal tsjerkegebou op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte yn Makkum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Minnistetsjerke fan Makkum en de byhearrende kosterswenning waarden yn 1909 boud. Dêrfoar hie de minnistegemeente fan Makkum yn 1908 in stik grûn op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte kocht. It ûntwerp fan it kompleks is fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik Hendriks Kramer. Hy ûntwurp de gebouwen yn in ienfâldige Um 1800-styl. Kenmerkend binne de ferskillende klokgevels, yn de tsjerke en yn de kosterswenning.[1] It tagongsstek oan de Bleekstrjitte sit ûnder in segmintbôge mei dêrboppe in boarstwarring op de hoeke markeard mei in bolpiron. Boppe de portyk sit ien fan de klokgevels en oan de linkerkant fan de portyk is in toerfoarmige konstruksje makke.

Oargel

It tsjerkeoargel is yn 1890 boud troch de firma L. van Dam & Zn út Ljouwert, dy't dêrby gebrûk makke fan inkele ûnderdielen fan in earder troch A. van Gruisen yn 1839 boud oargel. It oargel is allinnich tagonklik fia de kosterswenning.

De kosterswenning hat in klokgevel oan de Bleekstrjitte en oan de Túnstrjitte. Yn dat lêste geveldiel sit de tagongsdoar fan de wente. De wente hat in skou mei Makkummer tegels mei ôfbylden fan skippen.

De tsjerke en de kosterswenning binne beide erkend as ryksmonumint ûnder mear om de geefheid fan it eksterieur en ynterieur, de kultuerhistoaryske- en arjitektuerhistoaryske betsjutting en as foarbyld fan it oeuvre fan de arsjitekt Kramer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Neffens Karstkarel wie it kompleks sa as wenkompleks foarm jûn as in ferwizing fan de arsjitekt nei de skûltsjerken dy't yn it ferline troch minnisten brûkt waarden (Karstkarel 2006:97)