Minnistetsjerke fan Makkum
Minnistetsjerke fan Makkum | ||
De Minniste Tsjerke yn Makkum mei byhearrende kosterswente anno 2011 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Makkum | |
adres | Bleekstrjitte 16 | |
koördinaten | 53° 3' NB, 5° 24' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Minnistegemeente | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.H. Kramer | |
boujier | 1909 | |
monumintnûmer | 516524 | |
Webside | ||
Hiemside Minnistegemeente | ||
Kaart | ||
De Minnistetsjerke fan Makkum is in monumintaal tsjerkegebou, in fermanje, op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte yn Makkum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fermanje fan Makkum en de byhearrende kosterswenning waarden yn 1909 boud. Foar dat doel hie de minnistegemeente fan Makkum yn 1908 in stik grûn op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte kocht. It ûntwerp fan it kompleks is fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik Hendriks Kramer. Hy ûntwurp de gebouwen yn in ienfâldige Um 1800-styl. Kenmerkend binne de ferskillende klokgevels fan de tsjerke en de kosterswenning.[1] It tagongsstek oan de Bleekstrjitte sit ûnder in segmintbôge mei dêrboppe in boarstwarring op de hoeke markeard mei in bolpiron. Boppe de portyk hat de gevel ien fan 'e klokgevels en oan 'e linkerkant fan de portyk is in toerfoarmige konstruksje makke.
De kosterswenning hat in klokgevel oan de Bleekstrjitte en oan de Túnstrjitte. Yn dat lêste geveldiel sit de tagongsdoar fan de wente. De wente hat in skou mei Makkummer tegels mei ôfbylden fan skippen.
De fermanje en de kosterswenning binne beide erkend as ryksmonumint ûnder mear om de geefheid fan it eksterieur en ynterieur, de kultuerhistoaryske- en arjitektuerhistoaryske betsjutting en as foarbyld fan it wurk fan de arsjitekt Kramer.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkeoargel is yn 1890 boud troch de firma L. van Dam & Zn út Ljouwert, dy't dêrby gebrûk makke fan inkele ûnderdielen fan in earder troch A. van Gruisen yn 1839 boud oargel. It oargel is allinnich tagonklik fia de kosterswenning. it ienmanualige ynstrumint hat njoggen registers.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|