Springe nei ynhâld

Mimi Miyagi

Ut Wikipedy
Mimi Miyagi
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Melody Damayo
nasjonaliteit Filipynsk
Amerikaansk
berne 3 july 1973
berteplak Davao City (de Filipinen)
etnisiteit Davaoëensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19911996 & 20032005 &
20062007 & 2013
offisjele webside
www.mimimiyagi.com

Mimi Miyagi, echte namme: Melody Davayo (Davao City, 3 july 1973), is in Filipynsk-Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte, dy't ek aktyf west hat yn 'e Amerikaanske polityk en as mainstream-aktrise. Hja is fan etnysk Davaoëensk komôf.

Miyagi waard berne yn it Filipynske Davao City, op it súdlike eilân Mindanao, as de twadde fan fjouwer bern út it gesin fan tige behâldende âldelju, dy't beide ta de sândedeisadvintisten hearden. Doe't Miyagi seis jier wie, emigrearre it gesin nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn 'e steat Kalifornje. As bern learde Miyagi pianospyljen en dreamde se fan in takomst as Olympysk turnster. Foar de middelbere skoalle waard se weromstjoerd nei Mindanao, dêr't se op in sândedeisadvintistyske kostskoalle yn Misamis Oriental kaam; har âldelju hopen har op dy manear tradisjoneel Filipynske noarmen en wearden by te bringen.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, skreau Miyagi har yn op in sândedeisadvintistyske universiteit yn Bukidnon, mar yn it twadde jier briek se har stúdzje dêre ôf. Se hie in hoartsje as disc jockey wurke op it radiostasjon fan 'e universiteit, en hie besletten dat se in karriêre yn 'e showbusiness hawwe woe. Se kearde werom nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles en in stúdzjebeurs wist te bemachtigjen om in oplieding oan it American College for Fashion Merchandising te folgjen. Op 'e nij briek se lykwols har stúdzje ôf, diskear om't se har belangstelling derfoar ferlern hie, en doe't har jild oprekke, begûn se út te sjen nei wurk.

Mimi Miyagi har kampanjeposter foar de gûverneursferkiezings yn Nevada yn 2006.

Se seach in advertinsje dêr't yn frege waard om neakenmodellen, en besleat derop te reägearjen. Se naam de artystenamme Mimi Miyagi oan; "Mimi" nei har bynamme út har bernetiid, en "Miyagi" nei it (Japanske) personaazje Mr. Miyagi út 'e film The Karate Kid, út 1984. Neffens harsels bewuolle dat har eigentlike nasjonaliteit yn in bredere Aziatyske mystyk. Yn 1991, doe't se krekt mearderjierrich wie, makke se har debút yn in pornografyske film mei akteur/regisseur/produsint Ed Powers. Yn totaal spile Miyagi oant 2013, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn rom hûndert pornofilms. Se waard al rillegau populêr, benammen fanwegen har troch boarstfergrutting krigen kup 38DD en har puer natuerlike bûtenwenstich lange tonge.

Yn 1996 hold se op mei te wurkjen as pornoaktrise, mar se bleau noch wol aktyf yn 'e pornoyndustry. Se ferfear nei Henderson, yn 'e steat Nevada, dêr't se troude mei Gino Dimaria, in earder profesjoneel Amerikaansk football-spiler. Se hierde in ekspêr yn om in eigen webside op te setten, mar rekke neitiid mei him ferwikkele yn in gerjochtlike striid om 'e rjochten op 'e domeinnamme. Dêrnei learde se sels om mei kompjûterprogrammatuer om te gean en sette eigenhandich in nije webside op, dêr't se geregeldwei neaken foar posearre. Fierders rjochte se it neakenblêd Oriental Dolls op, dat noch altiten bestiet, mar no de namme Asian Hotties draacht. Yn 1999 rjochte Miyagi har op 'e produksjekant fan 'e pornoyndustry. Se die û.m. talintscouting foar Metro Home Video en yn 2000 en 2001 produsearre se twa dielen fan 'e fjouwerdielige rige FantASIANy, dêr't se tusken 2000 en 2002 ek trije dielen fan regissearre.

Underwilens wie Miyagi yn 1998 mem wurden fan in dochter, Isabella, mar yn 2001 rûn har houlik op 'e klippen. It wie in aaklike skieding, dy't har nei in slepende rjochtsaak frijwol ta reapsein brocht. Benammen om oan jild te kommen, makke Miyagi yn 2003 har comeback as pornoaktrise. Yn 2005 loek se har út 'e pornoyndustry werom, en yn maaie fan dat jier hie se har earste mainstream-roltsje, yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje Come Again. Mar nei it mislearjen fan har politike karriêre makke se yn desimber 2006 mei in protte fanfare in twadde comeback. Yn 'e rin fan 2007 hold se fannijs op te wurkjen as pornoaktrise, hoewol't se wol wer efter de skermen aktyf bleau yn 'e pornoyndustry. Yn 2013 hie se op 'e nij in rol as aktrise yn in pornografyske film.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 maaie 2006 melde Miyagi har ûnder har bertenamme Melody Davayo oan as kandidate foar de foarferkiezings fan 'e Republikeinske Partij foar it gûverneurskip fan 'e steat Nevada. "Ik haw neat mear te ferbergjen; elkenien hat alles al fan my sjoen," sei se. Har slogan wie (frij fertaald): "Ik bin altyd iepen en earlik." ("I'm bare and honest at all times.") Miyagi krige in protte krityk oer har hinne om't se har mei in ferline as harres kandidaat doarst te stellen foar sa'n earweardich amt. Yn 'e foarferkiezing, op 15 augustus 2006, naam se it op tsjin fjouwer oare kandidaten. Se waard sûnder swierrichheden ferslein troch Jim Gibbons. Neitiid sleat se har oan by de lytse Libertaryske Partij.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.