Reade glee
reade glee | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Milvus milvus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De reade glee (Milvus milvus) is in fûgel út de famylje fan de haukfûgels.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reade glee is 61 oant 72 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 140 oant 180 sm. Dêrmei is er grutter as de mûzefalk, mar hy is wol in stik slanker. Yn ’e flecht is er net te ferwikseljen mei de mûzefalk, om’t er in djip ynsnijde swellesturt hat, wêrmei’t er yn ’e loft balansearret sadat sa no en dan de readbrune kleur fan de sturt opljochtet. De rest fan de fûgel is read mei brúngriis. Syn kop is griis en hy hat in giele heakfoarmige snaffel mei in swarte punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reade glee komt foar yn in grut part fan Europa. Yn Spanje, Portegal, Itaalje en op de Balkan is de fûgel it hiele jier rûn. Yn Frankryk, Midden- en East-Europa is it in trekfûgel.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reade glee yt lytse sûchdieren, fûgels, ynsekten en wjirms, mar hy yt ek wol deade dieren, dy't bygelyks oanriden binne, of ôffal fan it stoart.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de maityd begjint de reade glee mei syn baltsflecht; dêrby stoart er himsels fan grutte hichte op syn nêst. De reade glee hat syn nêst heech yn de beammen, meastentiids yn leafbosken, hy brûkt faak âlde nêsten fan krieën of mûzefalken. It wyfke leit 3 of 4 aaien dy't yn 32 dagen útbret wurde. De jongen bliuwe dêrnei noch sa'n 50 dagen op it nêst.
- Fûgelsoarte
- Glee
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Marokko