Michaela DePrince
Michaela DePrince | ||
Michaela DePrince (2019) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michaela DePrince | |
oare namme | Mabinty Bangura | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 jannewaris 1995 | |
berteplak | Kenema | |
stoarn | 10 septimber 2024 | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Dûnseres | |
aktyf as | Ballerina | |
jierren aktyf | 2010-2024 |
Michaela DePrince berne as Mabinty Bangura (Kenema Sierra Leöane, 6 jannewaris 1995 - New York, 10 septimber 2024) wie in Amerikaansk ballerina dy't berne waard yn Sierra Leöane.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]DePrince waard berne as Mabinty Bangura, se groeide op yn in weeshûs yn Sierra Leöane yn'e boargerkriich. Har Amerikaanske adopsjeâlden waard letter ferteld dat har heit troch rebellen deasketten wie doe't se trije jier wie, en dat har mem koart dêrnei de hongerdea stoarn wie. Yn it weeshûs waard se betitele as duvelsbern, om't se de hûdsykte vitiligo hie, waard se pest troch de oare bern en krige net folle te iten. (Vitiligo is in oandwaning wêrby't de hûd en it hir pigmint ferlieze en wêrby't molkewite plakken fan ferskillende grutte en foarm ûntsteane.)
Yn Sierra Leöane wie DePrince ynspirearre rekke troch in ôfbylding fan in balletdûnseres. Ienkear yn de Feriene Steaten waard dit har driuwfear om balletdûnseres te wurden. Se trede ûnder mear op by de Youth America Grand Prix, en fertsjinne mei dat optreden in beurs om studearje te meien oan de Jacqueline Kennedy Onassis School of Ballet.
Yn 2012 studearre se ôf oan de Jacqueline Kennedy Onassis School yn New York, en trede se ta oant it dûnsselskip fan it Dance Theatre of Harlem, dêr't se de jongste dûnser waard. Har profesjonele debútoptreden wie de rol fan Gulnare op de premjêre fan "Le Corsaire" fan "Mzansi Productions" en it "South African Ballet Theatre" op 19 july 2012. In jier letter yn july 2013 trede se ta oant de de jongereinôfdieling fan Het Nationale Ballet yn Amsterdam. Yn augustus 2014 promovearre se ta élève en yn desimber 2016 waard se twadde solist.
Yn 2016 dûnse yn de film Lemonade fan Beyoncé, in film hearrende by it album mei deselde namme fan de sjongeres. Nei twa jier mei blessueres begûn se yn 2019 wer mei dûnsjen, wêrûnder foar de filmferzje fan it stik Coppélia dy't yn '2020 útkaam. Op 26 maart 2021 ferskynde de fideoklip by de single "Afraid of the Dark" fan de Haarlimske band Chef'Special, wêryn't Michaela dePrince solearret yn in goreografy fan Remi Wortmeyer. Yn it neijier fan 2021 makke DePrince bekend dat se har oanslúten hie by it Boston Ballet as twadde soliste.
Michaela DePrince ferstoar op 10 septimber 2024, hommels yn 'e âldens fan 29 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|