Michael Gambon

Ut Wikipedy
Michael Gambon
Filmklapper.png akteur
Michael Gambon yn juny 2013.
Michael Gambon yn juny 2013.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael John Gambon
nasjonaliteit Flag of Ireland.svg Ierlan
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Feriene Keninkryk
berne 19 oktober 1940
berteplak Dublin (Ierlân)
stjerplak n.f.t.
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
jierren aktyf 1962 – no
offisjele webside
gjint

Michael Gambon (Dublin, 19 oktober 1940) is in Iersk toaniel-, tillefyzje-, en filmakteur. Gambon spile Philip Marlow yn de BBC tillefyzjerige The Singing Detective, Jules Maigret yn ITV rige Maigret út de njoggentiger jierren en Professor Albus Dumbledore yn de lêste seis Harry Potter-films.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gambon waard berne yn Cabra (Dublin) yn de Twadde Wrâldoarloch. Heit Edward Gambon wie in yngenieur en syn mem, Mary (berne Hoare), wie naaister ('frouljusskroar'). Doe't er fiif jier wie ferfear de húshâlding nei Londen dêr't heit Gambon wurk socht yn de weropbou fan dy stêd. Ek Michael waard oplaat ta yngenieur; hy roan staazje by fleantúchfabryk Vickers Armstrong en arbeide dêr noch in jier. Dêr ûntstie ek syn leafde foar antike gewearen, horloazjes en klassike auto's. Doe't er 21 wie besleat er lykwols dat er akteur wurde woe.

Gambon spile in soad rollen op toaniel yn stikken fan Shakespeare, Ayckbourn en Pinter. Hy waard bekend by it grutte publyk fan syn rollen foar de tillefyzje en yn films. Bygelyks spile er de rol fan Philip Marlow yn de tillefyzjerige The Singing Detective nei in skript fan Dennis Potter. En Oscar Wilde yn de BBC-tillefyzjesearje Oscar út 1985. Hy wie ek te sjen yn de BBC-searje Cranford en yn de histoaryske minisearje Longitude wie er it haadpersoanaazje: klokmakker John Harrison.
Fanôf de ferfilming fan it tredde boek fan Harry Potter-rige, Harry Potter and the Prisoner of Azkaban, naam er yn dy films de rol fan skoalhaad Albus Perkamentus op 'e noed. Syn foargonger, Richard Harris, dy't yn de earste twa films dy rol hie, stoar yn 2002 oan de gefolgen fan de Sykte fan Hodgkin. Gambon spile ek Perkamentus foar it filmjen fan sênes foar Harry Potter and the Forbidden Journey, in attraksje yn Universal's Islands of Adventure en Universal Studios Japan.

Yn 1998 krige er in OBE fan keninginne Elizabeth II fan Ingelân en waard doe "Sir" Michael Gambon.
Foar syn wurk op telefyzje ûntfong Gambon fjouwer BAFTA Awards foar The Singing Detective (1986), Wives and Daughters (1999), Longitude (2000) en Perfect Strangers (2001). Hy ûntfong ek twa Primetime Emmy Award-nominaasjes foar Path to War (2002) en Emma (2009). Oare opmerklike projekten binne Cranford (2007) en The Casual Vacancy (2015). Yn 2017 krige er de Irish Film & Television Academy Lifetime Achievement Award. Yn 2020 stie er op nûmer 28 op de list fan The Irish Times mei de grutste filmakteurs fan Ierlân.

Films (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.