Springe nei ynhâld

Harry Potter and the Prisoner of Azkaban

Ut Wikipedy
Harry Potter and
the Prisoner of Azkaban
algemiene gegevens
auteur J.K. Rowling
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, berneboek
1e publikaasje 1999, Londen
oarspr. útjwr. Bloomsbury Publishing
rige
rige Harry Potter
● foarich diel Harry Potter and the
   Chamber of Secrets
● folgjend diel Harry Potter and the
   Goblet of Fire
kodearring
ISBN 0 74 75 42 155

Harry Potter and the Prisoner of Azkaban is in Ingelsk boek skreaun troch J.K. Rowling. It is it tredde part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it tredde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Prisoner of Azkaban' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Finzene fan Azkaban' wêze moatte.

Der is ek in film nei it boek útkaam, dy Harry Potter and the Prisoner of Azkaban hjit.

Ear't Harry Potter oan syn tredde skoaljier op Swiniastate's Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus begjint, moat er de simmerfakânsje trochbringe by syn gemiene omke en muoike. Troch in magysk ûngelokje komt er ynienen op 'e lette jûn op strjitte te stean. Dan blykt dat Sirius Black, in freze tsjinner fan Dowitstwol, út 'e finzenis fan Azkaban ûntkommen is. Hy is op 'e flecht en hat miskien 'e mint op Harry. Der folget in boeiend skoaljier mei nije skoalfakken lykas migelkunde en soarch foar fabelbisten, spannende swurkbalwedstriden en aaklike foarsizzings. De skoalle wurdt beweitsje troch Dementors, de freze beweitsers fan Azkaban, mar Harry sil syn leksums Ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften hurd nedich wêze...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.