Mia Lina

Ut Wikipedy
Mia Lina
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mia Ling, Mina Lee,
Melanie James
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 jannewaris 1988
berteplak Round Lake Beach (Illinois)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
gjint

Mia Lina, echte namme ûnbekend (Round Lake Beach (Illinois), 20 jannewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mia Ling, Mina Lee en Melanie James. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mia Lina waard yn 1988 berne yn Round Lake Beach, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Hja is fan mingd Dútsk, Iersk en Meksikaansk etnysk komôf. Yn 2008, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Fanwegen har behindich postuer en lytse boarsten liket se folle jonger as dat se is, en dêr hat se ûnder har karriêre handich gebrûk fan makke troch in soad mei te wurkjen oan 'e produksje fan lolitapornografy.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Mia Lina sûnt 2008 yn krapoan fjirtich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, New Sensations, Hustler Video, Digital Sin, Red Light District en Evil Angel. Dêrnjonken hat se ek wol foar minder bekende filmstudio's wurke, lykas Pure Play Media en Legend Video. Boppedat hat ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros en Reality Kings.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mia Lina is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 33A. Behalven piercings troch har earlellen hat Lina ek in tongpiercing en in nâlpiercing. Dêropta hat se ferskate tatoeaazjes: in Japansk karakter oan 'e binnenkant fan har lofterûnderearm; boppe har rjochterstút in turnster dy't in spagaatsprong docht boppe in lykwichtsbalke; op har lofterside in do mei derboppe en -ûnder in tierelantyntsje; in hertsje ûnder har lofterear; en trije stjerren op har rjochterfoet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: