Springe nei ynhâld

Kokadorus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Meyer Linnewiel)
Kokadorus
Stânbyld fan Kokadorus (1977) fan Erica van Eeghen op it Amsterdamse Amstelveld

Kokadorus (Ljouwert, 22 maart 1867 - Amsterdam, 27 maaie 1934) wie de namme fan in Amsterdamsk-Joadske merkekeapman.

Meyer Linnewiel[1] (in ferbastering fan it Frânske Luneville) sa't syn echte namme wie, waard berne yn 1867 yn Ljouwert, mar ferhuze al gau nei Amsterdam. Dêr ferkocht hy al om syn tsiende op de Kalverstraat lúsjefers. Hy hie der hannichheid yn en is syn libben lang stânwurker bleaun, meastal wurkjen ûnder de namme Kokadorus.[2]

Op it Amstelveld ferkocht hy galgen (Zó goed! Om je schoonmoeder aan op te hangen!) en toiletartikels, mar wie benammen bekend om syn politike kommentaren en syn mûlripe konversaasje. Kening Willem III fernom derfan en nûge him út om yn Apeldoorn op It Loo sprekken te kommen, mar yn it sjike selskip foel de oars sa snedige stânwurker stil.

Yn 1906 fierde hy syn sulveren jubileum; sûnttiids neamde hy him "professor Kokadorus", in titel dy't hy honoris causa krigen hawwe soe fan de Amsterdamske Gemeente-universiteit. Hy wist ek te fertellen dat de Britske kening Eduard VII yn Londen in plein nei him ferneamd hie, Kokadorus Square.

Yn 1934 ferstoar de man dy't troch syn kollega's oanpriizge waard as "keizer fan de stânwurkers", en dy't himsels — mei in knypeachje nei in bekend toanielstik fan Shakespeare — oantsjutte as "de Keapman fan Noard-Feneesje". Der stiet in beskieden stânbyld fan Kokadorus op it Amstelveld, dêr't Kokadorus op te sjen is by it aanprijzen fan galgen.

Kokadorus is opnomd yn de top-100 fan bekende Ljouwerters, opsteld troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert.[3]

  • Jan Feith, Op het Amstelveld. Mémoires van professor Kokadorus (den Echte!) (1909)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De earste namme wurdt ûngelyk stavere: Meier, Meyer, Meijer. Op syn berteakte stiet Meyer.
  2. As ferklearring foar dy namme wurdt faak op it aljemint brocht dat hy mei dy namme syn pake Ko, syn beppe Ka en syn heit Dorus eare. Syn heit hjitte lykwols Jacob, syn paken en beppen Jacob, Mietje, Salomon en Eva.
  3. Zie website HCL