Meindert Talma
Meindert Talma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Meindert Talma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 novimber 1968 | |
berteplak | Surhústerfean | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Frysk en Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1995-no |
Meindert Talma (Surhústerfean, 2 novimber 1968) is popmuzikant en skriuwer, aktyf yn de Grinzer muzykwrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.
Talma hat oant no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa romans en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it Frysk as it Nederlânsk. Talma hie ek in Ingelsktalich siidprojekt, Tamango, wylst er mei syn krautrockband Ausputzer yn it Dútsk sjongt.[1] Syn muzikale ynfloeden binne divers. De New Wave út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek Lou Reed hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt 1997 foaroanman fan de freoneband Meindert Talma & The Negroes.
Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift De Blauwe Fedde en kollumnist foar ûnder oaren de Ljouwerter Krante dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel Talma Tikt.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dammen met ome Hajo, 1999, roman
- De Blauwe Fedde yn petear (tegearre mei Nyk de Vries), 2001, samling fraachpetearen
- Kriebelvisje, 2003, roman
- Laat het orgel jammeren, 2011, poësij
- Kelderkoorts, 2013, autobiografysk boek mei album
- Je denkt dat het komt, 2017, autobiografysk boek mei album
- De Domela Passie, 2019, boek mei album
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 30 jaar Muzikale Fruitmand, 1995, Single (fynyl)
- Hondert punten, 1997
- Ferhûddûker, 1998
- Dammen met ome Hajo, 1999
- Leave Stumper, 2001
- Kriebelvisje, 2003
- Meindert Talma & The Negroes, 2005
- Nu geloof ik wat er in de Bijbel staat, 2007
- Tamango, 2009, (Film (DVD) en CD)
- De zee roept, 2011 (by in fotoboek fan Tryntsje Nauta)
- Eenmaal Oranje, 2012. Album
- Kelderkoorts 2013. Soloalbum mei bydragen fan Ausputzer en de Snakkers
- WERKMAN 2015 Meindert Talma & The Melisma Saxophone Quartet. In lietesyklus oar Hendrik Werkman.
- Jannes van der Wal, 2016. Konseptalbum oer damjen fanwegen de berte 60 jier lyn en it ferstjerren 20 jier lyn fan dammer Jannes van der Wal
- Je denkt dat het komt, 2017. Album
- Balsturig, 2019. Album
- De Domela Passie, 2019. Album
- Minna, 2021. Album
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op 16 oktober 2004 winne The Negroes it festival Liet 2004 mei it nûmer "Dûnsje wyldekat dûnsje".
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ Dagblad van het Noorden - Meindert Talma zet 'vergeten' Duitstalige Krautrockplaat na tien jaar alsnog online: 'Het was wat experimenteler dan mensen van mij gewend waren'