Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Warkums Erfskip

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.631 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


,--Swarte Kees 3 jul 2011, 20.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Kees Romkema

[boarne bewurkje]

Dei Erfskipper, op de wikipedy stiet al in pear jier de namme fan Kees Romkema. No kin ik fan ôfstân net folle oer de man fine. Soenen jo kâns sjen om wat ynfolling oan de namme te jaan? --Swarte Kees (talk) 5 maaie 2012, 20.46 (CEST)

Kees (Cornelis) Romkema is de soan fan Tjerk Romkema (2 augustus 1927 - 14 oktober 2004) en Pietje Maria de Boer, dy't in winkel hienen dêr't naaimasjinen, fytsen, radio's, waskmasjinen ensfh. ferkocht waarden. Om 1920 hinne hienen syn pake en beppe Cornelis Romkema en Rinske de Zwart de saak fan de famylje Schootstra oernommen.

Nei de legere skoalle yn Warkum gie er nei de LTS yn Koudum (1963-1966) en dêrnei nei de BNA Ljouwert/Grins om in oplieding te folgjen foar boukundich opsichter/tekenaar BNA (1973-1981).

Tusken 1966 en 1976 hat er as timmerman/útfierder wurke by in oantal oannimmers (nijbou, renovaasje en restauraasje).

Op 10 augustus 1976 is Kees Romkema troud mei Marijke Eigenraam. Se binne doe nei it Grinser Uithuizermeeden ferfearn. Kees waarde dêr haad fan de technyske tsjinst by de Stichting Woningbouw Uithuizermeeden (1976-1978). Dêrnei waard er wurklieder/bedriuwslieder by Wann, dêr't er fan syn funksje út belutsen wie by it ûntwerpen fan meubels yn gearwurking mei ferskate ûntwerpers (1978-1998).

By de Stichting Loodskotter Eems wie er boumaster. De stifting hat yn gearwurking mei de Stichting Mens en Werk te Delfsyl it ynitiatyf nommen om in replika fan in loadskotter te bouwen. It projekt wie teffens bedoeld om de jongerein oan in baan te helpen (1998-2004).

Yn Uithuizen hat er hjoeddedei syn bedriuw ûnder de namme "Kees Romkema Maatkunst". Yn april 1998 is er dêr mei útein set.Hy makket ynterieurs foar winkels, skoallen, (mobile) kantoaren, presentaasje bussen en boarger wenten. Alles wat troch syn bedriuw makke wurdt is maatwurk en is yn de gewoane winkel net te finen.

Syn thússide is: www.keesromkema.nl

No dat is in merakel: in soad gegevens, samar klear en geef Frysk! 'k Haw it in bytsje byskaafd en setten op Kees Romkema. 'k Soe jo útnoegje wolle om mear fan soksoarte stikjes oan te meitsjen. Fiel jo frij om it sels op de Wikipedia te setten, net te benaud wêze. En as jo advys hawwe wolle is der altiten wol ien dy't jo fierder helpt. Oant sjen...? Groetnis,--Swarte Kees (talk) 6 maaie 2012, 09.25 (CEST)

Bêste Kees, No ha ik besocht in triem op te laden fan in foto fan it waachgebou yn Warkum. Ik ha it twa kear besocht, mar sjoch de foto net ferskinen. Duorret soks eefkes?

Noch in fraach. Wy binne as Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip dwaande in wyk yn Warkum (Wyk C foarhinne it 3e Espel) yn kaart te bringen. Mei in foto fan elk hûs en de skiednis fan dat gebou der by. Yn septimber 2012 meitsje wy in útstalling dêr oer yn ús museum. It doel is dat de (âld-)bewenners, neiteam dêrfan en oaren gegevens oandrage. Is it mooglik soks op Wikipedy te setten en dan elk hûs in aparte side mei in startside "Warkum Wyk C / 3e Espel". It binne sa'n 60 huzen.Of wurdt dat te gek? Wy kinne it ek op ús eigen webstee sette, mar dan kinne de besikers der sels gjin oanfollings by dwaan, dan moat it fia de websteebehearder. Ik moat it noch foarlizze oan de oare meiwurkers fan Warkums Erfskip hear, mar at jo it goed fine, kin ik it as foarstel meinimme nei de earst folgjende gearkomste.

mei groetnis, Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip Gerrit Twynstra

Dei Gerrit Twynstra,
it opladen heart net sa lang te duorjen, lytse plaatsjes yn in pear tellen, gruttere bestannen wat langer, mat net langer as in heale minút, soks sil ek fan jo kompjûter ôfhingje. As jo de knop links "Bied triem oan" hawwe soe soks gewoan slagje moatte:
  1. Klik "Bied Triem oan"oan
  2. op "Bestand kiezen" klikke
  3. It printsje dat op jo eigen kompjûter stiet oanklikke en dan "Openen"
  4. No ferskynt yn de balke "Triemnamme om op te slaan" de namme fan it printsje dat noch op jo komjûter stiet
  5. Set by gearfetting efkes wêr't it plaatsje wei komt, wa't de fotograaf is en wa't it printsje beskikber stelt, dus de rjochten beskriuwt
  6. Scroll no nei ûnderen ta en kies by "Lisisnsje"de lisinsje dy't fan tapassing is . Meastal sil dit standert wêze, mar it kin ek 'Eigen wurk' wêze.
  7. Klik no op: "Bied triem oan"en it uploaden begjint
Dan soe it goed komme moatte. Lit oars mar efkes witte wêr't it stûket..
Espel
Wat it plan Espel oanbelanget: op de Wikipedy is romte genôch, dus grutte is gjin punt. As de ynformaasje mar ensyklopedysk is soe it gjin probleem wêze moatte. It soe wol wat moais opleverje kinne. Meitsje oars mar gewoan in begjin, dan kinne wy der mei elkoar wol wat om tinke. Groetnis, súkses, --Swarte Kees (talk) 6 maaie 2012, 11.03 (CEST)