Kees Romkema

Ut Wikipedy

Kees (Cornelis) Romkema (Warkum, 28 april 1951) is in ûntwerper.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romkema is de soan fan Tjerk Romkema (2 augustus 1927 - 14 oktober 2004) en Pietje Maria de Boer, dy't in winkel hienen dêr't naaimasines, fytsen, radio's, waskmasines ensfh. ferkocht waarden. Om 1920 hinne hienen syn pake en beppe Cornelis Romkema en Rinske de Zwart de saak fan de famylje Schootstra oernommen.

Nei de legere skoalle yn Warkum gie er nei de LTS yn Koudum (1963-1966) en dêrnei nei de BNA Ljouwert/Grins om in oplieding te folgjen foar boukundich opsichter/tekener BNA (1973-1981). Tusken 1966 en 1976 hat er as timmerman/útfierder wurke by in oantal oannimmers (nijbou, renovaasje en restauraasje).

Op 10 augustus 1976 is Kees Romkema troud mei Marijke Eigenraam. Se binne doe nei it Grinzer Uithuizermeeden ferfearn. Kees waard dêr haad fan de technyske tsjinst by de Stichting Woningbouw Uithuizermeeden (1976-1978). Dêrnei waard er wurklieder/bedriuwslieder by Wann, dêr't er belutsen wie by it ûntwerpen fan meubels yn gearwurking mei ferskate ûntwerpers (1978-1998).

By de Stichting Loodskotter Eems wie er boumaster. De stifting wurket gear mei de Stichting Mens en Werk te Delfsyl it ynisjatyf nommen om in replika fan in loadskotter te bouwen. It projekt wie teffens bedoeld om de jongerein oan in baan te helpen (1998-2004).

Yn Uithuizen hat er hjoed-de-dei syn bedriuw ûnder de namme "Kees Romkema Maatkunst". Yn april 1998 is er dêr mei útein set. Hy makket ynterieurs foar winkels, skoallen, (mobile) kantoaren, presintaasje bussen en boarger wenten. Alles wat troch syn bedriuw makke wurdt is maatwurk en is yn de gewoane winkel net te finen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: