Meidogger oerlis:Sybrand/Flaggen
Appearance
Goejûn, Sybrand. Ik wol my hjir net tefolle mei bemuoie; jo binne hjir ommers noch mei oan 'e gong. Dochs kin ik it net litte om jo eefkes te wizen op it ûnderskied tusken âld Frjentsjerteradiel (1851-1984) en nij Frjentsjerteradiel en tusken âld Wymbritseradiel (1851-1984) en nij Wymbritseradiel, dat ferskillende gemeenten wiene. En Gaasterlân de streek is wat oars Gaasterlân (gemeente). En Aenjewier wie gjin plak mar in gemeente. Fierders misse jo de gemeente Skoatterlân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jul 2020, 23.44 (CEST)