Meidogger oerlis:Ruurd Jorritsma

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.325 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Kategoryen en ynterwiki's[boarne bewurkje]

Goeie. En wolkom. It is moai om te sjen dat we der wer in meidogger by hawwe. Mar jo moatte eins al even sels de kategoryen tafoegje oan 'e siden dy't jo oplade. Dat hawwe jo oant no ta net dien, en it heart wol by it skriuwen fan in artikel. As jo net witte hokfoar kategoryen it wurde moatte, kinne jo altyd ris jo ljocht opstekke by ferlykbere siden.

Ek moatte jo nije artikels even fêstsette oan korrespondearjende artikels yn oare talen yn Wikidata. Dat giet sa: jo sykje dêr yn it sykfinster de juste side op. By taksonomyske groepen kinne jo dêrfoar it handichst de Latynske namme brûke. Dan krije jo (by in breed skerm) oan 'e rjochterkant de Wikipedia-keppelings yn oare talen te sjen. As jo in smel skerm brûke, dan steane se in ein nei ûnderen ta. Pas op, want op dizze siden steane ek keppelings fan oare Wikiprojekten, lykas Wikinews en Wikivoyage. Jo moatte de Wikipedia-keppelings hawwe, dat binne altyd de boppesten.

Dêr boppe-oan stiet: "Wikipedia ... entries", mei dêrnjonken in edit-knop. Dêr klikke jo op, en dan foegje jo ûnderoan de rige jo keppeling ta, dat wol sizze yn it earste fakje "fy" (foar de Fryske Wikipedy) en yn it twadde fakje de namme fan jo side. Dêrnei klikke jo op "save", rjochts fan de "edit"-knop. Rjochts fan de "save"-knop stiet de "cancel"-knop, foar as jo jo betinke. "Save" en "cancel" ferskine pas as jo op "edit" klikt hawwe. Tusken de earste fakjes (mei de taalkoade -- fy, nl, en, ensfh.) en de fakjes mei de sidenamme yn stiet in ikoantsje dat in jiskefet foarstelt. As jo in foute keppeling makke hawwe, kinne jo op "edit" klikke en dan op it jiskefetsje fan dy keppeling, en dan wurdt dy keppeling fuortsmiten.

As jo op Wikidata de juste side net fine kinne, is de oplossing om ynstee nei in korrespondearjende side te gean yn in oare Wikipedy (de Ingelske of de Nederlânske), dy't jo wol fine kinne. Dan stiet der yn 'e loftermarzje ûnder "helpmiddels" (Ing. tools, Ned. hulpmiddelen) in link dy't "Wikidata item" hjit. As jo dêrop klikke, komme jo by de Wikidata-side dy't jo hawwe moatte. Ik hoopje dat it slagget. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jan 2021, 01.41 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wol jo nochris op boppesteande wize. It fêstheakjen fan in nije artikel oan it betreffende Wikidata-item en it tafoegjen fan kategoryen binne dingen dy't gewoan by it skriuwen fan it artikel hearre. Ik en de oare behearders wolle jo bêst even de helpende hân biede, mar jo kinne it wurk net hielendal op oaren ôfskowe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 mrt 2023, 22.19 (CET)[beäntwurdzje]