Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Pierlala/Argyf 2016

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

wiis mei jo omstaverjen

[boarne bewurkje]

Bêste Bodder, ik bin tige wiis mei jo omstaverjen! Yn 'e Wâlden (oerlis) 9 mrt 2016, 10.36 (CET)[beäntwurdzje]

Jo fansels ek betanke! Telefyzje is in aardiger wurd as iuw. :D PiefPafPier (oerlis) 9 mrt 2016, 12.31 (CET)[beäntwurdzje]
Bêste Bodder, de ieuwen fleane derút. Tige by tige. Yn 'e Wâlden (oerlis) 20 mrt 2016, 11.48 (CET)[beäntwurdzje]
It stokje is wer oerjûn, sjoch ik. ;-) --PiefPafPier (oerlis) 20 mrt 2016, 13.06 (CET)[beäntwurdzje]

roes, rûze en rûzje

[boarne bewurkje]

Ik haw de Fryske Akademy efkes in e-berjochtsje stjoerd oer dizze trije. Mei de fraach oft se noch efkes nei it grûnbegryp sjen wolle. De lêste twa binne neffens de Dikke van Dale wol nei 'roesen' werom te bringen, mar ik twifelje oft se dat by de Akademy wol sa bedoeld hawwe. Yn 'e Wâlden (oerlis) 9 mrt 2016, 19.18 (CET)[beäntwurdzje]

OK, dan stopje ik efkes mei roes. PiefPafPier (oerlis) 9 mrt 2016, 19.26 (CET)[beäntwurdzje]

Utlis Fryske Akademy: roes, rûze en rûzje

[boarne bewurkje]

De regel foar it staverjen fan de û/oe jout by útsûndering a) oan: as it oerienkomstige Standertnederlânske wurd in oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. It Nederlânske ‘roesen’ heart net ta it Standertnederlânsk, moderne wurdboeken en -listen hawwe dy foarm net. Dêrom staverje wy it tiidwurd rûzje/rûze mei û.

Rûs is neffens Ndl. ‘roes’ (bedwelming) no roes. Lyksa ‘by de roes’ dat ek as ‘bij de roes’ yn de nijste Van Dale stiet. Yn 'e Wâlden (oerlis) 14 mrt 2016, 16.41 (CET)[beäntwurdzje]

Dan mei de FA syn eigen Wurdboekportaal op Taalweb wolris neisjen. :/ Ik sil 't saakje weromsette. --PiefPafPier (oerlis) 14 mrt 2016, 18.26 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw gelyk noch efkes nei de staveringshifker fan de FA sjoen. Dêr stiet yndie roezen, mar hjir as meartal fan de roes en net as tiidwurd. Us betizing lei foar de hân. Yn 'e Wâlden (oerlis) 14 mrt 2016, 20.20 (CET)[beäntwurdzje]
Taalweb: "roeze tiidwurd (...) ik roes it op 100 pûn ik skat it op 100 pûn", en mear. Sels haw ik gjin foarkar; ik skriuw krap 1 jier Frysk, dat in ekspert bin ik net. --PiefPafPier (oerlis) 14 mrt 2016, 20.40 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie de Akademy wiist op de flaters yn it Taalweb ensfh. Fan it Taalburo krige ik de folgjende reaksje: "Ik haw it xml-bestân fan it Hânwurdboek oanpast. By updates steane se der goed yn." Meiïnoar dogge wy goed wurk! Yn 'e Wâlden (oerlis) 19 mrt 2016, 12.05 (CET)[beäntwurdzje]
Tank. By elke nije druk fan Van Dale, feroaret de stavering fan 't Frysk. :D --PiefPafPier (oerlis) 19 mrt 2016, 12.42 (CET)[beäntwurdzje]

Yn 'e Wâlden, ik haw in seleksje makke fan 1500 siden mei alle foarmen/bûgingen fan "[Dd]roe[gc]h*". Kloppet it dat allinnich de betsjutting 'droog/dry' feroaret nei 'drûch'? Dat binne rûsd/roesd ;-) 700. Moat te dwaan wêze dy ek yn te klopjen. --PiefPafPier (oerlis) 13 mrt 2016, 08.49 (CET)

Jo riddenaasje is krekt! Tige by tige! Yn 'e Wâlden (oerlis) 14 mrt 2016, 11.30 (CET)[beäntwurdzje]

talen as sealtersk

[boarne bewurkje]

Dei Pier,

Somtiden wurdt by de talen de ieu-klank ta foarbyld brûkt. Ik haw dy foarbylden sels earst mar sa litten, omdat it om hiel spesifike klanken giet. Yn 'e Wâlden (oerlis) 22 mrt 2016, 18.03 (CET)[beäntwurdzje]

Dei Wâldman, de talen binne no weromset. Ik gean der mei in skript trochhinne, en dêrnei besjoch ik de wiki-diffs. --PiefPafPier (oerlis) 22 mrt 2016, 19.07 (CET)[beäntwurdzje]

Hast gjin ieu mear te finen!

[boarne bewurkje]

Dei Pier,

In lokwinsk op dit plak. Jo hawwe hast alle ieuwen dy't der noch ynsieten, derút krigen. De lêsten dy't ferskoattele sitte, krije wy der ek noch wol út. Tige by tige!! Yn 'e Wâlden (oerlis) 28 mrt 2016, 19.45 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Wâldman, tanke. Sa gau't de nije wiki-dump der is, wol ik sjen oft der noch wat oerbleaun is. De sykfunksje op 'e webside is net geweldich (mar wol aktueel). Ik brûk sels hânmjittich linux-kommando's yn 'e dump om de siden te finen, en fuorje dy list oan de 'bot'. Dat skeelt in pear seare klauwen. Sommige siden haw ik earst mar net dien, sa as dy mei ferrûne data, test- of argyftitels. Dochs binne we moai op streek mei it omstaverjen! --PiefPafPier (oerlis) 29 mrt 2016, 10.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sjoch dat de Berjocht-siden fan de wike/moanne (mei ferrûne data) ek troch oaren omstavere binne, dat dan doch ik dat ek mar. Se wurde miskien noch lêzen of op 'e nij brûkt. --PiefPafPier (oerlis) 13 apr 2016, 18.11 (CEST)[beäntwurdzje]

reboelje nei rebûlje

[boarne bewurkje]

Dei Pier,

Ik haw de list bydel west en mar ien wurd fûn, dat noch omstavere wurde moat. Reboelje moat Rebûlje wurde. Soesto dat noch dwaan wolle? Yn 'e Wâlden (oerlis) 18 apr 2016, 16.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei, dat is bêst. It binne 226, en de band 'Reboelje' moat der efkes útfiske wurde. Drûch wie in rottiger wurd. :-) --PiefPafPier (oerlis) 18 apr 2016, 18.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Pier, soesto ris op de oerlisside fan de wiky sjen wolle? Dêr stiet in listke mei wurden dy't earder mei g en no mei ch stavere wurde. Miskien kinst dyn bot ris loslitte op dy wurden? Yn 'e Wâlden (oerlis) 14 maa 2016, 17.11 (CEST)

Ik hie dien berjocht mist, mar haw it no fûn. Ik sil him wer in slinger jaan. ;-) --PiefPafPier (oerlis) 14 maa 2016, 19.01 (CEST)

Foarstel 'oe'/'û'-kwestje

[boarne bewurkje]

Goeie, Pier. Ik haw op 'e Oerlisside in foarstel dien om foar iens en foar altyd de strideraasje oer de 'oe'/'û'-stavering yn lannenammen út 'e wei te romjen. Ik soe graach wolle dat jo hjirre ris nei seagen en in stim útbrochten sadat de mearderheid fan 'e Wikipedy-mienskip oer dizze saak beslisse kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2016, 21.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Jiersiden

[boarne bewurkje]

In bealch fol wurk tink? Sjocht der wol goed út! Drewes (oerlis) 2 jul 2016, 17.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Tank! Noch 2000 te gean. ;-) Der sit in protte tiid yn it ompielen mei wiky-skript. It liket wol wat op shell-skript, mar folle beheinder. De Ingelske wiky brûkt no Lua foar it skripten fan 'e kalinders en sa. Yn 'e takomst kin it wol lestich wurde stikjes te 'lienen', at wy dy ekstinsje net hawwe, mar foarearst giet it noch bêst. --PiefPafPier (oerlis) 2 jul 2016, 18.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Staveringsoanpassings weromsette.

[boarne bewurkje]

Bêste Pier. It hat my nochal rekke, dat jo - ..... - Pier en mij wol alle tûzene staveringsoanpassings trochfiere lieten en no sa'n man net wize op it feit dat er dy trochferwizings in pear jier stean litte moat. wol Yn'e Wâlden hawwe. Hawwe jo dêr wat fan fernaam? Drewes (oerlis) 3 jul 2016, 18.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wit wat der spilet, mar ik wol der graach bûten bliuwe. En at 'f.Kr.' wer f. Kr., f.KkRRRRrr of F.kKkKrrpffff wurde moat, dan doch ik dat gewoan. ;-) --PiefPafPier (oerlis) 3 jul 2016, 19.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Bêste Pier en Drewes, net de staveringsoanpassings sels, mar der binnen in tal linken (Nije stavering 2015) dy't foar de dúdlikens opnaam wiene yn de tekst. Dy waarden der werút helle. Yn 'e Wâlden (oerlis) 3 jul 2016, 19.28 (CEST)[beäntwurdzje]
O sa. Dy linken (Nije stavering 2015) hoege fan my net fuorthelle te wurden. Lyts bier. Drewes (oerlis) 3 jul 2016, 19.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Utlis en lof

[boarne bewurkje]

Goeie, Pier. It sil miskien net nedich wêze, mar nei alle nuverichheden dy't der de ôfrûne wiken oer en wer (mar net tsjin of troch jo) sein binne, woe ik hjir dochs even útlizze dat ik neat haw tsjin it wurk dat jo ferset hawwe op it mêd fan it oanpassen fan 'e tekst oan 'e staveringsherfoarming fan ferline jier. Krektoarsom, ik wurdearje jo bydragen tige. Ik haw ek neat tsjin it wurk dat Yn 'e Wâlden datoangeande ferset hat. Wêr't Yn 'e Wâlden en ik in skieding fan geasten hiene, wie op it punt dat hy fierders noch in eigen lytse staveringsherfoarming trochfiere woe dy't net troch de Fryske Akademy goedkard is, en dat er oan oare meidoggers twingend oplizze woe om dy staveringsfoarmen dy't hy betocht hie te brûken. Yn syn lêste skriuwen wol er sels al bepale hoefolle tiid oft meidoggers deis oan 'e Wikipedy besteegje meie...

Mar goed, genôch dêroer. Jo wiene net by dit konflikt belutsen en woene der bûten bliuwe, en dat is begryplik en ferstannich. Ik hoopje en ferwachtsje dat eltsenien, no't de rêst werkeard is, noflik gearwurkje kin oan 'e ferbettering en útwreiding fan 'e Wikipedy. Datoangeande bin ik benammen bliid dat jo de spaasje fuorthelje út 'e jiertallen f.Kr. Dy haw ik al lang as in lytse ergernis ûnderfûn, mar ik wie der noch net ta kommen om dêr wat oan te dwaan. En jo berjocht:JiersideBoppe sjocht der mar flitsend út. Oer it Berjocht:Kalinders ek alle lof, mar dêr haw ik twa lytse dinkjes opmurken: by de Etiopyske jiertelling mist der in spaasje nei it streekje tusken de jiertallen, en 'hindoe kalinders' is ien wurd: 'hindoekalinders' of, wat ek kin, 'hindoeïstyske kalinders'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jul 2016, 18.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Fan 'e Esk. Dat ik der graach bûten bliuw hat mei regel 1 fan ynternet te meitsjen: Don't feed the troll(s), en dat jim as meidoggers mânsk genôch binne fan jim ôf te biten. Fierders bin ik net op 'e hichte fan it âldsear, en bin ik gjin staverolooch. At de behearderspet op giet, hoecht de rest ek net fuortdaalk foar de fuotten te rinnen. Ofsjoen fan it taaldispút, krijst op oare plakken gauwer in permaban nei hieltyd wer trollen of persoanlik oanfallen. Drewes en jo binne as 'good cop, bad cop' noch myld.
Tank foar alle lof, en ik gean gewoan troch. Jo kinne de opskriften yn Berjocht:Kalinders gewoan oanpasse. Ik bin noch fan doel de efterlizzende koade fan de eksoatyske kalinders te ferlykjen mei de lêste ferzje fan de Ingelske wikipedy. Is gjin haast by tink. Ik wol ek noch de oare f. Kr.'s mei spaasje yn 'e lemma's opromje. Dy gean no tydlik lâns de trochferwizings.
Wy wolle allegear graach sjen dat ús Wikipedy foarút komt. Jo dogge in protte, en dat fertsjinet grutte achting. Dat jildt ek foar de bydragen fan 'e oare meidoggers. Goed wurk mannen (m/f)! --PiefPafPier (oerlis) 8 jul 2016, 16.20 (CEST)[beäntwurdzje]
Amen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2016, 20.35 (CEST)[beäntwurdzje]
Sydlings: Ik leau net dat wy froulju ûnder ús meidoggers hawwe, spitichernôch. Drewes (oerlis) 8 jul 2016, 21.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Jier nul, jawis

[boarne bewurkje]

Ja, no ja, Pier, ik haw allinnich de jiersiden neisjoen dêr't ik wat oan ta te foegjen hie (út siden dy't ik de ôfrûne jierren sels nij makke of hielendal redigearre haw). Soms stiene sokke lemma's al fermeld, mar ja, dan wie ik dêr ienris, dat yn sokke gefallen haw ik it spul dochs mar even neisjoen. Hartstikkene moai dat dat wurdearre wurdt! Mar ik bin noch net klear, want f.Kr. libben der ek minsken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 sep 2016, 21.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo meie trouwens bêst witte dat jo krewearjen mei de kalinders my derta brocht hat om mear oandacht oan 'e jiersiden te besteegjen, dy't ik oant no ta altyd fierhinne negearre hie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 sep 2016, 22.14 (CEST)[beäntwurdzje]

It wie dan ek in grutte put, mar bêst belangryk. Dy siden binne in passive en leechdrompelige wei nei de lemma's. Op sawat eltse side steat wol in jierkeppeling. Mar ja, alles op syn tiid. --PiefPafPier (oerlis) 19 sep 2016, 13.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Hartstikkene moai, man, dy nije boppe- en ûnderberjochten op 'e deisiden! Dit liket derop. Binne jo ek fan doel om sokke berjochten te meitsjen foar de iuwsiden? Dat soe ik nammentlik graach sjen. Dêrby soe ik lykwols wol graach de tekst behâlde sa't dy der no stiet, dus bgl.:

De 4e iuw f.Kr. of fjirde iuw foar Kristus rûn fan 1 jannewaris 400 f.Kr. oant 31 desimber 301 f.Kr.

Fral f.Kr. haw ik der nammentlik muoite mei om út 'e holle te bepalen fan wannear oant wannear't dy iuwen krekt rinne, en datoangeande sil ik wol net de iennichste wêze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2016, 12.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wie it net fan doel, mar wol it al dwaan. In skript foar de tekst meitsjen is net dreech. De tabel wurdt lestiger. Der sit al in fêste opbou yn. Bestiet der ek in grins dat kalinderdatearring oergiet nei koalstofdatearring? Dan moatte de siden miskien per 10/50/100 jier.
Tank foar it betankjen! Ik bin trochgean mei de âlde yndieling, mar 'healjier' no dûbeld deryn. Yntuïtyf en foar de symmetry dúdliker tink. --PiefPafPier (oerlis) 27 sep 2016, 20.33 (CEST)[beäntwurdzje]
De ynliedingsteksten stean der goed yn. Dat soe in skript/berjocht net better dwaan. In berjocht is dochs net sa maklik, en wurdt in gruttere lape tekst as de rigels dy't wy no hawwe (troch de lytse fariaasjes, de sprong fan 1 n.Kr. - 1 f.Kr., en de útskreaune getallen. Lit mar sitte soe ik sizze.
De tabel mei de jiertallen sa't dy no is, mei eventueel ek hinnebrûze, hear, dy is wat my oangiet sa ek wol dúdlik genôch. Wat ik fral graach sjen soe, is krekt sa'n berjocht boppe- en ûnderoan de iuwside as dat jo by de dei- en jiersiden dien hawwe, sa'n wolkjepatroan, sil ik it mar neame, wêrby't men fluch in stikmannich iuwen foarút of efterút yn 'e tiid kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2016, 20.52 (CEST)[beäntwurdzje]
O, sa. Ja, dat is ek wol handich. --PiefPafPier (oerlis) 27 sep 2016, 21.02 (CEST)[beäntwurdzje]
No de balke. Under miskien ek net nedich at de siden net langer wurde. --PiefPafPier (oerlis) 1 okt 2016, 10.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Winterklear

[boarne bewurkje]

Dat ik no winterklear bin, dat sil ik teminsten mar hoopje. Tankewol foar de goede winsken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2016, 20.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Lêtste --> lêste

[boarne bewurkje]

Goeie, Pier. Kin jo bot de Wikipedy ek ris troch om 'lêtste' te ferbetterjen ta 'lêste'? Ik haw sels hânmjittich 'lêtst' al ferbettere ta 'lêst', dêr wiene net sa folle fan, mar mei 'lêtste' is der gjin begjinnensein oan, ha'k wol sjoen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 nov 2016, 13.54 (CET)[beäntwurdzje]

Is bêst. At ik 't goed begryp, dan is alles mei 'lêt' deryn altiten mis. Dat binne 104 rigels yn 'e lêste XML-dump. Dy besjoch ik earst mei it bleate each, want der sit neist 'lêtste' ek 'Lêt-Romeinsk' en sa tusken, en 'lêtst(e)' moat 'lêst(e)' of 'letst(e)' wurde. --PiefPafPier (oerlis) 2 nov 2016, 21.52 (CET)[beäntwurdzje]
Umm, no moatte jo der net mear wurk fan hawwe as dat hoecht, Pier, want dêr sei ik it net om. Ik tocht dat jo jo bot der yn ien kear even trochhinne rauze litte koene, mar as it yngewikkelder leit, dan moatte jo it sizze, want ik wol net al it wurk op jo ôfskowe. Om op jo fraach te reägearjen: 'lêt' mei in spaasje derfoar is altyf fout. Ik haw foar de wissichheid it Frysk Hânwurdboek der noch even op neislein, mar der is gjin wurd dat dêrmei begjint. Ik tink trouwens dat 'letst', dat poer in oantsjutting fan tiid is, tige selden oant nea foarkomme sil yn 'e Wikipedy. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 nov 2016, 22.17 (CET)[beäntwurdzje]
Alles foar ús Wikipedyke, en it is net al te folle wurk. :-) Tank foar it opsykjen. --PiefPafPier (oerlis) 2 nov 2016, 22.51 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sjoch, jo binne hjoed al wer goed warber west. Tige tank foar al it bodzjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2016, 16.39 (CET)[beäntwurdzje]