Meidogger oerlis:Mees Termark
Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.
De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.888 siden. Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir! |
Goeie. En wolkom. Ik begryp wat jo besochten te dwaan by de ferskate siden dy't jo hjoed (ûnderwilens juster) redigearre hawwe. Mar even foar de dúdlikheid: foarmen as "wêrby't", "wêrfan't", "wêryn't", ensfh. binne net fout en steane gewoan yn it wurdboek, hear (sjoch dizze links). Persoanlik fyn ik it, benammen yn langere sinnen, faak handiger om dizze foarmen te brûken, om't it neffens my makliker lêst. By "wêryn't" ha je daliks it hiele wurd en witte je wêr't de sin sa ûngefear hinne giet. By "dêr't ... yn" is dat folle minder it gefal en, sa is myn ûnderfining alteast, merke je pas wêr't de skriuwer hinne wol as je, faak in hiel stik nei "dêr't" it wurdsje "yn" tsjinkomme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mrt 2021, 23.24 (CET)
- Goeie, Ieneach fan 'e Esk. Ik ha de ferwiiswurden feroare om't yn it Frysk, oars as it Nederlânsk, wurden dy't nei in foargeand diel ferwize, altyd mei in 'd' begjinne en omdat dy meastal opsplitst wurde. Sjoch hjir in stikje út it Lyts fademekum fan Fryske taaleigenaardichheden troch Siebren Dyk en Willem Visser: "Foarnamwurdlike bywurden yn betreklik gebrûk binne yn it Frysk oars as yn it Nederlânsk. It giet dêrby yn it Nederlânsk altyd om in kombinaasje fan waar en in ferhâldingswurd: waarin, waaruit, waarop, ensfh. In Nederlânsk foarbyld is: de kist waarinde appels liggen. Yn it Frysk binne der trije ferskillen: (i) it betreklike wurd kriget de bynwurdlike ‘t; (ii) it betreklike wurd begjint yn it Frysk mei in d; (iii) it foarnamwurdlike bywurd wurdt útinoar helle. Dêrmei wurdt it foarbyld yn it Frysk:de kiste dêr’tde apels ynlizze." Dêrom foel it my op en besocht ik it te feroarjen. Asto it nofliker fynst om it sa te skriuwen sa ast al diest, respektearje ik dy skriuwstyl fansels en meitsje ik in 'mental note' om earst efkes te sjen ofsto in side skreaun hast ;) Mees Termark 26 mrt 2021 11.44 (CET)
- Ik sjoch wol dat de autoriteiten it oer dizze saak net iens binne, want wat jo fan Dyk & Visser oanhelje, is dus net wat it Frysk Hânwurdboek en Taalweb Frysk fan 'e Fryske Akademy sizze (sjoch op 'e nij de boppesteande links). Apart, want neffens my wurkje/wurken Dyk & Visser ek by de Fryske Akademy. Hawar, ik sjoch net mear fan soks op. Ik freegje my tsjintwurdich wolris ôf wêr't de F.A. eins noch goed foar is, want de iene hân wit dêr net wat de oare docht. Yn elts gefal bin ik it mei jo iens dat de foarm "de kiste dêr't de apels yn lizze" Frysker is as de foarm "de kiste wêryn't de apels lizze". En by sa'n koarte sin is der mei de earste, Fryskere foarm ek hielendal gjin probleem. Yn sokke sinnen brûk ik dy earste foarm ek. Myn punt is: neffens alteast in diel fan 'e autoriteiten is dy lêste foarm net fout. As jo dan in sin hawwe lykas yn it artikel oer Kneppelfreed: "In gearrin fan omstannichheden late op 'e dei dat harren saak foarkomme moast ta in grutte tarin fan folk yn 'e stêd, dêr't de mannichte troch de dwersferkearde hâlding fan 'e plysje by yn in lulke kliber feroare." fyn ik it folle handiger foar de lêzer om dat te skriuwen as: "In gearrin fan omstannichheden late op 'e dei dat harren saak foarkomme moast ta in grutte tarin fan folk yn 'e stêd, wêrby't de mannichte troch de dwersferkearde hâlding fan 'e plysje yn in lulke kliber feroare." Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 mrt 2021, 23.24 (CET)