Medysk Sintrum Ljouwert
| Medysk Sintrum Ljouwert Medisch Centrum Leeuwarden | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Henri Dunantwei 2 | |
| koördinaten | 53°11′25″N 5°48′7″E | |
| bysûnderheden | ||
| ôfkoarting | MCL | |
| type | topklinysk sikehûs | |
| streaming | sekulier | |
| bêden | 653 | |
| wurknimmers | >3.000 | |
| skiednis | ||
| oprjochting | 1982 | |
| opheffing | 2025 | |
| fuortk. út | ● Sint-Bonifatius Hospitaal ● Diakonessehûs ● Triotel | |
| opgien yn | Frisius MC | |
| gebou | ||
| namme gebou | Medysk Sintrum Ljouwert | |
| boujier | 1971 (âlde Triotel) 1987 (nijbou) | |
| boustyl | modern | |
| offisjele webside | ||
| www.mcl.nl | ||
| kaart | ||
De lokaasje fan MCL yn Ljouwert.
| ||
It Medysk Sintrum Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Medisch Centrum Leeuwarden), ornaris ôfkoarte ta MCL, wie in sikehûs yn Ljouwert. It bestie fan 1982 oant 2025, doe't it opgie yn it Frisius MC. It fysike sikehûs (d.w.s. it gebou) funksjonearret no as de lokaasje Frisius MC Ljouwert.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It MCL stiet yn it suden fan Ljouwert en hat 653 bêden. It wie it grutste net-akademyske sikehûs fan Nederlân mei in regionale funksje foar hiel Fryslân. It hie hast alle gebrûklike spesjalismen yn 'e hûs en dêrnjonken in tal bysûndere spesjalismen en sintra, lykas it Hertsintrum Fryslân, it Spatiersintrum Fryslân en it Sintrum foar Obesitas Nederlân. It MCL wie yn 2004 ien fan de earste sikehuzen fan it lân mei spesjaal ynrjochte operaasjekeamers foar minimaal-ynvasive sirurgy, de saneamde endosuites. It MCL fersoarge yn 'e mande mei it UMCG yn Grins opliedingen ta medysk spesjalist. It MCL hie in eigen opliedingsynstitút, de MCL Akademy.

Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It MCL ûntstie yn 1982 út trije Ljouwerter sikehuzen:
- Triotel (MCL-Súd)
- Diakonessenhûs (MCL-Midden)
- Sint Bonifatius Hospitaal (MCL-Noard)
Yn respektivelik 1987 en 2004 waarden it MCL-midden en it MCL-Noard sluten. De namme MCL-Súd waard yn 2004 feroare yn MCL. It hjoeddeistige sikehûsgebou waard yn 1987 boud en letter ferskate kearen útwreide. It MCL is no it grutste gebou fan Ljouwert.
MCL Harns, it eardere Streeksikehûs Oranjeoard wie sûnt 1995 ek ûnderdiel fan it MCL. Dit sikehûs koe allinnich bestean bliuwe as it fusearje soe.
Op 1 jannewaris 2025 hold MCL op te bestean, doe't it sikehûs fusearre mei De Tsjongerskâns op It Hearrenfean ta it nije Frisius MC. Sûnt funksjonearret it gebouwekompleks yn Ljouwert as de lokaasje Frisius MC Ljouwert.