Springe nei ynhâld

Max Raabe

Ut Wikipedy
Max Raabe
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matthias Otto
berne 12 desimber 1962
berteplak Lünen
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
sjenre jazz
sjongtaal Dútsk
grutste hit(s) Kein Schwein ruft mich an (1992)
Klonen kann sich lohnen (2002)
offisjele webside
Side Max Raabe en orkest

Max Raabe (eins Matthias Otto, berne op 12 desimber 1962 yn Lünen, Noardryn-Westfalen) is in Dútsk sjonger. Hy is ek orkestlieder fan it troch him mei freonen yn 1986 oprjochte "Palast Orchester". Raabe studearre fan 1988 oant 1995 bariton-operasang oan de Universität der Künste Berlin.

Yn syn jongerein song Raabe yn in bernekoar yn Lünen. Letter besocht er in ynternaat yn Paderborn en yn 1985 ferhûze er nei Berlyn, dêr't er op de Berliner Hochschule der Künste foarmje liet as bariton yn it opera-sjenre. Doe't er studearre rjochte Raabe it Palast Orchester op. Raabe wennet noch jimmeroan yn Berlyn-Mitte.

Nei't Raabe yn 1995 ôfstudearre sette er útein mei syn karriêre, somtiden as solist en oars mei syn orkest.[1]

Raabe spesjalisearre him yn jazz en it werombringen fan it lûd fan de Dútske dûns- en filmmuzyk út de jierren 1920 en 1930, ek troch it útfieren fan lieten fan de Dútske muzykgroep Comedian Harmonists. Mei humoristyske foardrachtsjes yn syn karakteristike útspraak mei in tige rôljende "r" riget er yn in stiif oandwaande hâlding de ferskillende muzykstikken oan inoar.

In grutter publyk krige Raabe mei de hit Kein Schwein ruft mich an (1992), in popsong yn de styl fan de jierren 1920, en in optreden mei syn orkest yn de film Der bewegte Mann (1994). Njonken syn optredens mei it Palast Orchester lit er ek solistysk fan him hearre, hy wurdt dan begelaat troch de pianist en draacht dan eigen komposysjes foar. ​Ek hat er oan klassike produksjes meiwurke lykas yn de operette Im weißen Rößl (as Dr. Siedler).

Raabe's repertoire is ryk oan wurk fan joadske komponisten en tekstskriuwers, dy't oant 1933 in grutte ynfloed op de Dútske populêre muzyk hiene. Yn 2010 makke Raabe in toernee troch Israel mei konserten yn Tel Aviv, Jaffa, Jeruzalim en Haifa. Fral de Israeliërs fan Dútske komôf wiene tige út de skroeven oer de konserten. Fan de toernee waard troch Sönke Wortmann in dokumentêre makke, dy't yn 2012 op it 18e Joadske Filmfestival yn Berlyn en Potsdam yn premjêre gien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.

  1. Themenguide Regional (ynternetargyf): Fraachpetear Max Raabe