Springe nei ynhâld

Lünen

Ut Wikipedy
Lünen
Emblemen
               
Bestjoer
dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Unna
Sifers
Ynwennertal 85.919 (31 desimber 2023)
Oerflak 59,39 km²
Befolkingsticht. 1.447 ynw./km²
Hichte 58 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 44532, 44534, 44536
Koördinaten 51° 36'N 7° 31'E
Offisjele webside
www.kreis-unna.de
Kaart
Lünen (Noardryn-Westfalen)
Lünen

Lünen is de grutste stêd fan 'e kreis Unna yn it west fan Westfalen, Dútslân. Troch de lokaasje fan yn it noardeastlike Ruhrgebiet en oan 'e súdlike râne fan it Münsterland is Lünen sawol yndustrieel as lanlik.

Eartiids wie Lünen it belangrykste beafeartssintrum fan it bisdom Münster, dêr't yn 'e Tritichjierrige Kriich in ein oan kaam. Tsjintwurdich witte pylgers noch jimmeroan it paad te finen nei Alt-Lünen foar in besite oan it mirakuleuze Marijebyld yn de neogoatyske Marijetsjerke.

Lünen is, oars as oare stêden yn Noardryn-Westfalen, bestjoersmjittich net yn saneamde Ortschaften, mar yn Bezirke yndield, dy't tagelyk de funksje fan Ortsteile of Stadtteile hawwe. De foarse groei fan Lünen easke dat it tal Bezirke ferskillende kearen ferhege wurde moast. Sa bestiet Lünen sûnt 2004 út fjirtjin statyske Bezirke:

  • Lünen-Mitte
  • Geistviertel
  • Osterfeld
  • Lünen-Nord
  • Beckinghausen
  • Niederaden
  • Horstmar
  • Lünen-Süd
  • Gahmen
  • Brambauer
  • Lippholthausen
  • Alstedde
  • Nordlünen
  • Wethmar.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lünen fan Wikimedia Commons.