Springe nei ynhâld

Mathias Poortvliet

Ut Wikipedy

Mathias Poortvliet († 24 maart 1502, Nijekleaster) wie de abt fan Kleaster Blomkamp tusken 1461-1487.

Under Poortvliet syn bewâld wie der in nij oplibjen fan it kleasterlibben yn Blomkamp. Hy soarge dat der in sikeseal, in bibleteek, in nije refter en keuken kamen.

Hy wie it type fan in fromme kleasteroerste. Hy ferstoar yn Nijekleaster by Skearnegoutum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ulrich Knefelkamp, M. Stolpe, Zisterzienser: Norm, Kultur, Reform : 900 Jahre Zisterzienser; s. 59 (2001)