Martinytsjerke (Itens)
Martinytsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Itens | |
adres | Tsjerkebuorren 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1805 (tsjerke); 1842 (toer) | |
boustyl | Empire, neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21538 [1] |
De Martinytsjerke is de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Itens. De tsjerke is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De op in terp steande tsjerke datearret út de jierren 1804-1806 en ferfong yn dy tiid in âlder tsjerkegebou. De dakruter is fan lettere datum en waard yn 1842 boud.
By de restauraasje fan de tsjerke yn 1978 waarden de fûneminten werom fûn fan de âlde tsjerke. Under de houten flier waarden ek âlde sarken fûn, wêrfan't de âldste (1569) út de tiid fan foar de reformaasje stamt.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke stiet in preekstoel út de 17e iuw. Under de oargelgalerij steane oan wjerskanten fan it paad de banken foar de tsjerkfâlden, de rest fan de seal wurdt folle mei stuollen. Yn it paad tusken de stuollen lizze in pear âlde grêfsarken.
Under de koepel fan de toer hinget de troch Stefanus getten klok út 1312.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is 19e-iuwsk en waard boud troch Willem Hardorff, dat op 25 augustus 1876 yn gebrûk nommen waard. Bakker & Timmenga brocht yn 1923 in pear feroarings oan it ynstrumint oan.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|