Martinus de Blocq fan Scheltinga (1666-1742)

Ut Wikipedy
Marten fan Scheltinga

Martinus (de Blocq) fan Scheltinga (It Hearrenfean, 19 febrewaris 1666 - dêre, 11 desimber 1742), wie grytman fan Lemsterlân en Skoatterlân. Martinus van Scheltinga wie de soan fan Daniël de Blocq fan Scheltinga (1621-1703) en Martha Kinnema.

Nei syn stúdzje reizge hy yn Frankryk oant yn 1689 Tinco fan Andringa opfolge as grytman fan Lemsterlân. Yn 1692 waard Marten opfolge troch Regnerus fan Andringa. Yn dat jier waard hy grytman fan Skoatterlân en soe dat bliuwe dat oant 1715. Yn 1700 troude hy yn Kollum mei Amalia, in dochter baron Menno fan Coehoorn en Magdalena fan Scheltinga. Nei it ferstjerren fan Amelia op 21 maart 1708 bleau Marten mei seis bern sitten. Hy wertroude op 10 oktober 1713 mei Wiskjen, in dochter fan Livius fan Scheltinga en Wia Catharina Boersma. Ut dit houlik kamen twa bern.

Marten fan Scheltinga hie foaroansteande amten yn Ljouwert en Den Haag. Dêrneist wie Fan Scheltinga lykas syn heit kurator oan de hegeskoalle fan Frjentsjer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: