Martinus Bakker
Martinus Bakker | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Jouk | |
echte namme | Martinus Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1926 | |
berteplak | Noardwâlde (Fryslân) | |
stoarn | 1996 | |
stjerplak | Noardwâlde? (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk Nedersaksysk (Stellingwerfsk) | |
sjenre | berneboeken, poëzij, koarte ferhalen | |
bekendste wurk(en) |
Et Kienderboek van Jouk | |
útjouwer | Uitgeverij Kluitman Stellingwarver Schrieversronte | |
jierren aktyf | ±1953 – 1996 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Martinus Bakker (Noardwâlde, 1926 – dêre?, 1996) wie in Frysk skriuwer fan berneboeken, poëzij en koarte ferhalen. Hy publisearre sawol yn it Nederlânsk as yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk. Bakker wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste Stellingwerfske skriuwers fan 'e tweintichste iuw.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker waard yn 1926 berne yn it doarp Noardwâlde, yn de gemeente Weststellingwerf. Tegearre mei Hendrik Johannes Bergveld sette hy de toan foar de iere skriuwerij yn it Stellingwerfsk. Foar syn streektaalwurk brûkte er it pseudonym Jouk. Dêrnjonken skreau er ek berneboeken yn it Nederlânsk foar Uitgeverij Kluitman, yn Alkmar, wêrûnder alve dielen fan 'e Harm Jan en Tie-ne-ke-rige, dy't in grut tal kearen werprinte waarden.
Fan 1949 ôf publisearre Bakker syn Stellingwerfse Riempies yn it deiblêd de Hearrenfeanster Koerier (neitiid de Fryske Koerier). Letter ferskynden syn gedichten en koarte ferhalen ek yn it wykblêd Stellingwerf en yn oare media.
Nei de oprjochting fan 'e Stellingwarver Schrieversronte, yn 1972, brocht dy organisaasje Bakker syn Stellingwerfsktalige wurk yn ferskate bondels út. Guon fan dy útjeften waarden ien of mear kearen werprinte. Et Kienderboek van Jouk, út 1975, dat yllustrearre wie troch H.J. van Veen, hie in oplaach fan 3.000 eksimplaren, in ûnbidich grut oantal foar sa'n lytse taalmienskip as it Stellingwerfsk. Dêrfan waarden troch krante-útjouwer Martin van Nieuwenhoven 1.500 ûnder skoalbern yn 'e Stellingwerven ferspraat.
Martinus Bakker kaam yn 1996 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 70 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- yn it Nederlânsk
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke en de Pony-kar
- 1955 – Harm Jan en Tie-ne-ke Krij-gen een Zus-je
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in het Die-ren-park
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke Ma-ken Pret
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke Vie-ren Feest
- 1962 – Avonturen bij de Hoge Brug
- 1965 – Overval bij de Hoge Brug
- 19?? – Raadsels rond de Hoge Brug
- 1967 – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Len-te
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Va-kan-tie
- 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Win-ter
- 1970 – Harm Jan en Tie-ne-ke Ma-ken een Tent
- 1970 – Harm Jan en Tie-ne-ke op de Fiets
- 1971 – Dieven op de Schapenkuil
- 1974 – Onraad in Alteveer
- 1975 – De Jongens van de Schapenkuil
- yn it Stellingwerfsk
- 1972 – Een Haandvol Speulgoed (gedichten en koarte ferhalen; 2e printinge 1979)
- 1975 – Et Kienderboek van Jouk (gedichten en koarte ferhalen)
- 19?? – Wille op 'e Brille (boek foar op it húske; 6e printinge 2006)
- 1984 – Greensgeval (humoristyske gedichten)
- 19?? – Decemberverhaelen van Jouk (Sinteklaas-, kryst en âldjiersferhalen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side. |