Marloes Horst
Appearance
Marloes Horst (Utert, 8 maart 1989) is in fotomodel út Terherne.
Yn septimber 2008 debutearre se op de catwalks yn Milaan en yn 2009 waard se ambassadeur fan it parfum Valentino. Yn 2010 stie hja op de beroemde Pirelli-kalinder. Yn de jierren dêrnei tsie se op de omkaften fan ynternasjonale blêden as Elle en Grazia en wie se it gesicht fan moademerken Calvin Klein, H&M en Diesel. Se wennet yn 2012 yn New York, en waard yn 2010 al ynlive by Victoria's Secret, it linzjerymerk dêr't ek Doutzen Kroes fan Eastermar ûnder kontrakt stiet. Se showt yn 2012 de simmerkolleksje fan it swimkleanmerk KOM.