Marjolein Spitteler
Marjolein Spitteler (De Bosk, 1966) is in byldzjend keunstner en yllustratrise út Easterwâlde. Har oplieding krige se oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Arnhim.
As lid fan de stifting Keunstwerf besiket se middels ferskate aktiviteiten it keunstsinnige yn kulturele libben yn de Stellingwerven te aktivearjen. Foar it Botanysk wurdboek fan de KNNV troch Henk Eggelte makke se yllustraasjes. Se is ek lid fan de Feriene Eastyndyske Inketkompanjy.
Marjoleins wurken besteane út skilderingen, tekeningen en fotografy. Se wurket mei inkt, kollaazje, potlead en digitale techniken. As materiaal brûkt se ek koper, sulver en aluminium.
Romte yn relaasje ta it platte flak stie de ôfrûne jierren sintraal. Om it ferskynsel "libben' te ferbyldzjen is har grutste driuwfear. Yn har stribjen de trijediminsjoale romte wer te jaan brûkt se faak tsjinstelde eleminten yn har wurk: foarm/leechte en yllúzje/mentale romte.
Marjolein Spitteler krige in Startstipendium en wûn de Buning Brongers Priis. Eksposysjes fan har wurk wienen yn Den Bos, Amsterdam en De Haach.
-
Bloeiwize 3
-
Bloeiwize 4