Springe nei ynhâld

Marisa Petroro

Ut Wikipedy
Marisa Petroro
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marisa Petroro
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 febrewaris 1972
berteplak Elizabeth (Nij-Jersey)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
soarte model fotomodel
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
www.marisapetroro.com

Marisa Petroro (Elizabeth (Nij-Jersey), 11 febrewaris 1972) is in Amerikaansk model en aktrise fan etnysk Italjaansk komôf. Hja wurket soms ûnder de namme Marisa Parker.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Petroro waard yn 1972 berne yn Elizabeth, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Doe't se fjouwer jier wie, die se foar it earst mei oan in skientmewedstryd. Mei acht jier joegen har âldelju har op foar in aktearoplieding oan 'e heech oanskreaune HB Studio, yn New York.

Har profesjonele karriêre begûn Petroro yn 1997, doe't se 25 jier wie. Se ferfear dat jiers nei Los Angeles, oan 'e oare kant fan 'e Feriene Steaten, om yn Hollywood in aktearkarriêre nei te stribjen. Al rillegau hie se har earste roltsje te pakken, yn 'e tillefyzjesearje Ned and Stacey. Dochs briek se úteinlik troch as model, yn in reklamespotsje foar it merk Clear Blue dat regisearre waard troch David Lynch, en letter 4 tillefyzjeseizoenen lang as ien fan 'e tsjeppe froulju dy't de kofferkes mei de jildprizen fêstholden yn 'e kwis Deal or No Deal. Dêrby hie hja kofferke nûmer 18 yn 'e hannen. Yn 'e mande mei har Deal or No Deal-kollega's Leyla Milani en Patricia Kara die Petroro mei oan in ôflevering fan 'e kwis Catch 21 foar bekende Amerikanen, wêrby't se $2.500 foar it goede doel byinoar brochten.

Yn 2004 wurke Petroro mei oan 'e fideoklip foar it countrynûmer Whiskey Lullaby, fan Allison Krauss en Brad Paisley. Troch de bekendheid dy't se mei Deal or No Deal krigen hie, waard Petroro dêrnei faker frege foar rollen yn tillefyzjesearjes. Sa wie se û.m. te sjen yn searjes as Rescue 77, The Pretender, The Young and the Restless, According to Jim, Reno 911!, Las Vegas, Scrubs en Rules of Engagement. Ek spile se mei Eva Longoria yn 'e soapsearje Desperate Housewives, hie se in weromkearende rol yn it fjirde seizoen fan Dexter, en wurke se as tsjinspylster fan Breckin Meyer en Mark-Paul Gosselaar mei oan Franklin & Bash. Yn 2012 spile se de seksy Amber Raines yn Drop Dead Diva en de Italjaanske yngenieur Ipolita yn Touch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.