Marinus Krijger

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Marinus Krijger (Stad Hardenberg, 8 desimber 1903Follegea, 4 desimber 1957) was een Nederlânske politikus fan de CHU en letter de PvdA.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krijger wie in soan fan Jan Machiel Krijger (1874-1951) en Johanna Huberdina Hupscher (1877-1940). Syn heit wie boargemaster fan Vriezenveen en Twadde Keamerlid.

Marinus Krijger studearre ôf yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien. Hy wie dêrnei partikulier sekretaris en folontêr by de gemeentesekretary fan Tubbergen. Yn 1935 folger er J.H. Slump op as boargemaster fan Lemsterlân nei't dy ferûngemakke wie. Krijger soe dat amt besette oant er ein 1957 by in ferkearsûngemak it libben ferlear. Hy wie doe 53 jier.

Nei de oarloch waard Krijger ferwiten dat er net genoch dien hie om foar te kommen dat ûnderdûkte Joaden arrestearre waarden. Yn it ramt fan de arbeidrjochtlike suveringsprosedueres waarden de measte beskuldigings lykwols as ûnbegrûne fersmiten. Wol waard Krijger ferantwurdlik holden foar de arrestaasje fan seis ûnderdûkers yn Ychten. Hy krige dêrfoar in selstraf fan seis moanne ûnder betingsten oplein.

Ferneaming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Krijger besluet de gemeenteried fan Lemsterlân lang om let, nettsjinsteande Krijger syn feroardieling, om de Markt op De Lemmer om te neamen ta it Burgemeester Krijgerplein. De PvdA fan Lemsterlân hat mear as ien kear besocht om in nammeferoaring op de aginda te krijen, mar dat slagge net. Yn maaie 2020 frege it kolleezje fan B en W fan De Fryske Marren, nei in petysje fan de Lemsters, it NIOD ûndersyk te dwaan. Dat smiet gjin nije feiten op, mar it NIOD wie wol fan betinken dat Krijger syn feroardieling swierder wage moatten hie as de útkomst fan de suveringsproseduere. Om dy reden krige it Krijgerplein yn 2021 syn âlde namme werom, Markt [1]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wietse de Haan, Marinus Krijger - Vernoemd, verguisd, vergeten. Utjûn yn eigen behear, 2021.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De tijden veranderen en dus verdwijnt het Krijgerplein, Frysk Deiblêd, 19 jannewaris 2021, s. 21