Marina Abramović
Marina Abramović (Servysk: Марина Абрамовић) (Belgrado, 30 novimber 1946) is in Servysk keunstnares dy't har dwaande hâldt mei fideokeunst en performance art. Abramović ferkent yn har wurk de ferhâlding tusken keunstner en taskôgers, de grinzen fan it lichem en it (úterste) fermogen fan de geast. Sy wennet en wurket yn New York. Har meast ferneamde learling is Sebastian Bieniek.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abramović har âldomke wie patriarch Varnava fan de Servysk Otterdokske Tsjerke.[1] Har heit en mem wiene partisen[2] yn de Twadde Wrâldkriich: har heit Vojo wie in kommandant dy't nei de oarloch as nasjonale held beskôge waard; mem Danica wie majoar yn it leger en yn de jierren sechtich direkteur fan it Museum fan Revolúsje en Keunst yn Belgrado.
Abramović har heit ferliet de hûshâlding yn 1964. Abramović en har broer waarden opbrocht ûnder in soarte fan militêre disipline. Dat duorre oant har 29e.
Keunstner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abramović studearre fan 1965 oant 1970 oan de keunstakademy yn Belgrado en de Keunstakademy yn Zagreb, Kroaasje. Fan 1973 oant 1975 jeoch sy les oand e keunstakademy fan Novi Sad, wilens die hja har earste optredens.
Abramović wie fan 1971 oant 1976 troud mei Neša Paripović en yn 1976 gie hja út Joegoslaavje wei en ferfarre sy nei Amsterdam.
Fan 1976 oant 1988 hat hja oparbeide mei keunstner Ulay, mei wa't hja ek in duorsume ferhâlding hie. It trochstean fan lang oanhâldende pine wie part fan harren wurk. By alles stelden Ulay en Abramović harren fysike of mentale úthâldingsfermogen op de proef. Yn de searje Nightsea Crossing sitte hja bygelyks op ferskillende plakke yn de wrâld oerenlang sûnder iten of drinken oan wjerskanten fan in lange tafel. Yn 1988 kaam der in ein oan de yntensive gearwurking fan it pear. Harren lêste performance bestie út it rinnen oer de Sineeske Muorre. Ulay sette yn it westen út ein en Abramovic begûn yn it easten te rinnen, nei trije moannen moeten sy elkoar healweis de muorre.
Marina Abramović: The Artist is Present
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 14 maart oan 31 maaie 2010 wijde it Museum of Modern Art yn New York in retrospektyf oan it wurk van Abramović mei de titel Marina Abramović: The Artist is Present. Dy útstalling waard organisearre troch kurator Klaus Biesenbach en befette njonken dokumintaasjemateriaal ek 'fannijs útfierde âldere performances van Abramović en Ulay. It wie it earste retrospktyf yn it MoMA dat alhiel yn it teken stie fan performancekeunst. Goed 850.000 minsken hawwe it sjoen. Abramović fierde ek sels in nije performance út, ek ûnder de titel 'The Artist is Present.' By performance duorre lykas ek de útstalling sa'n trije moanne; al dy tiid siet de keunstner yn de iepeningtiden fan it MoMA swijend op in stoel foar har út te sjen yn it atrium fan it museum. Besikers koene op in stoel tsjinoer Abramović sitten gean om har yn stilte rjocht yn de eagen te sjen salang't hja sels woene. Op de earste dei fan de performance gie Ulay by Abramović oan 'e tafel, wat in emosjoneel momint joech folge troch applaus fan de besikers. Meiïnoar siet Abramović 736 oere en 30 minuten op de stoel, en makke se eachkontakt mei goed 1500 minsken. Eltsenien waard fotografearre troch de Italjaanske fotograaf Marco Anelli. Dy portretten, mei it tydstip en de langte fan harren moeting mei de keunstner, binne te sjen op it webstee fan de tentoanstelling en bondele yn it boek Portraits in the Presence of Marina Abramović.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) (dú) (fr) Balkan Baroque (1999), portret fan Marina Abramović út 1999 fan Pierre Coulibeuf.
- (in) Performances, fideowurken en ynstallaasjes fan Marina Abramović yn de kolleksje fan it Nederlânsk Ynstitút foar Mediakeunst/LIMA.
- (in) Webstee oer de útstalling The Artist is Present fan it Museum of Modern Art in New York.
- (in) Webstee fan de dokumintêre Marina Abramović: The Artist is Present fan Matthew Akers en Jeff Dupre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|