Springe nei ynhâld

Marie Elise Loke

Ut Wikipedy
Marie Elise Loke
Marie Elise Loke yn 1916
Marie Elise Loke yn 1916
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 7 augustus 1870
berteplak Hoarn
stoarn 2 febrewaris 1916
stjerplak Grins
wurkpaad
berop/amt Lektor
aktyf as Oersetster
reden
  bekendheid
Earste froulike lektor fan Nederlân

Marie Elise Loke (Hoarn, 7 augustus 1870 - Grins, 2 febrewaris 1916) wie lektor oan de Ryksuniversiteit Grins yn de Nijfrânske taal- en letterkunde. Se wie de earste froulike lektor yn Nederlân.

Oplieding en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan septimber 1886 ôf folge se de Arnhimske Kweekskoalle foar ûnderwizeressen. Yn 1891 helle se har LU Ingelsk en yn 1894 LU Frânsk. Marie Loke studearre fierder yn de Frânske taal- en letterkunde by N.J. Verlint yn Utert en by dr J.J. Salverda de Grave, yndertiid lektor oan de Universiteit Leien, letter heechlearaar yn Grins. Yn 1897 slagge hja foar it diploma A middelber ûnderwiis Frânsk en yn 1900 foar it diploma MU-B Frânsk. Dêrnei naam se diksjelessen Frânsk by Georges Berr, toanielskriuwer en akteur by de Comédie-Française.

Fan jannewaris oant septimber 1902 wie Marie Loke learares oan it Stedsgymnasium yn Kampen, dêrnei oant 1 jannewaris 1907 hie hja deselde funksje oan de Hegere Boargerskoalle foar famkes yn De Haach.

Om har stúzjes ôf te meitsejn besocht se de Universiteit fan Toulouse fan april oant en mei juny 1906. Sadwaande promovearre hja as earste Nederlanner yn it bûtenlân ta 'Docteur' mei la mention très honorable op in proefskrift mei de titel Les versions Néerlandaises de Renaud de Monteban. Étudiés dans leurs rapports avec le poème français. Der ferskynden resinsjes yn The New York Herald, yn Frankryk, België en Nederlân, wêryn't sy bot priizge waard. Se waard dêrnei beneamd ta lid fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde.

Op foarspraak fan de Grinzer heechlearaar Salverda de Grave folge yn oktober 1907 de beneaming ta lektorin Nij Frânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Har learplan omfette de Frânske letterkunde fan 1600 oant no.

Loke har ynaugurele rede op 15 jannewaris 1908 gie oer Les débuts du roman personnel: Mme de Charrière et son oeuvre.[1] Loke behannele doe Lettres de Mistriss Henley, Lettres écrites de Laussanne, Caliste en de briefkerij tusken Isabelle de Charrière en Constant d'Hermenches.

Har kolleezjes, basearre op yngeande stúdzjes, op leafde foar de wittenskip, op wiidweidige kennis en op goede ûnderwiisjeften, waarden troch har studinten (sa'n 40) heeg wurdearre enhoog gewaardeerd en wiene fruchtdragend.

Se regissearre studintetoaniel, wat late ta in opfiering fan 'Les femmes savantes' fan Molière in 1910.

Loke waard yn 1910 Presidinte fan de ôfdieling Grins fan de Nederlandsche Bond voor Vrouwenkiesrecht.

Se wurke fierser mei yn de subkommissy 'Letterkunde en Tooneel' fan de útstalling 'De Vrouw 1813-1913', wijd oan de prestaasjes fan froulju yn de 100 jier nei de befrijing fan de Frânsen, yn 'e mande mei Carry van Bruggen presidinte, Cornelia Serrurier sikretaresse, Annie Salomons ponghâldster, Caroline van Dommelen en Annie Oppenheim.

Affysje De Vrouw 1813-1913
  • Les versions Néerlandaises de Renaud de Montauban. Etudiées dans leurs rapports avec le poème français. (Dissertaasje) Toulouse, Imprimerie et Librairie Edouard Privat, Librairie de l'Université, 1906. 190 s.
  • De Roman van Tristan en Isolde. Nei de bewurking fan Joseph Bédier. Oerset troch Marie Loke. Leien, J.M.N. Kapteijn, 1903. 216 s.
  • De Zodiac. Vertaling van Le Zodiaque. Sonnetten, van Gabriel Trarieux door Dr. Marie Loke. Yn: Urania. Offisjeel orgaan fan it Nederlandsch Genootschap voor Astronomie en moderne Astrologie, 7, 4, 1913. s. 138-144.
  • De Barbier Van Sevilla Of Nuttelooze Voorzorgsmaatregelen. Blijspel In 4 Bedrijven van de auteur Pierre-Augustin Caron de Beaumarchais 1775 [Le Barbier de Séville ou la Précaution inutile]. Fertaald troch Dr. Marie Loke. Mei ynlieding fan Annie L. Oppenheim. Amsterdam, Wrâld-Bibleteek, 1920. 83 s.
  • Dr. M.E.Loke. De Prins der Geïllustreerde Bladen. april 1911 s. 217-218.
  • Annie L. Oppenheim, Lezing over Fransche literatuur door mej. Dr. Loke aan de School voor Maatschappelijk Werk te Amsterdam [oer Corneille, Molière en Racine]. Yn: De Vrouw in de XXste eeuw. Weekblad voor de vrouwen, 3, 18 en 3, 20 (1914).
  • Annie L. Oppenheim, Marie Loke. Yn: De Nieuwe Gids, Maandschrift voor letteren, kunst, wetenschap en wijsbegeerte, XXXI, ôfl.6. 1916, s. 805-828.
  • Inge de Wilde. Een beminnelijke romaniste: Marie Elise Loke (1870-1916), de eerste vrouwelijke lector in Nederland. Grins, Utjouwerij Passage, 1993. 43 p.
  • Inge de Wilde. Nieuwe deelgenoten in de wetenschap. Vrouwelijke studenten en docenten aan de Rijksuniversiteit Groningen 1871-1919. Assen, van Gorcum, 1998. 374 s. (Loke: s. 134-160.) (Dissertaasje)


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Net yn druk útjûn, mar kahiers mei kolleezje-oantekeningen fan har studinte Annie Oppenheim binne yn Universiteitsbibleteek yn Grins.