Marian Haveman

Ut Wikipedy

Maria Janna (Marian) Vegt-Haveman (Sint Nyk, 23 jannewaris 1946) is in Nederlânsk boargemaster, lid fan D66.

Yn 1971 studearre sy ôf yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en wurke fan 1972 ôf op it provinsjehûs yn Assen. Yn desimber 1987 waard hja boargemaster yn de gemeente Peize.

Ein 1993 ferruile sy dy gemeente foar Frjentsjerteradiel, dêr't oant 1 jannewaris 2010 boargemaster wie; hja gie mei betiid pensjoen.

Yn desimber 2009 waard bekend dat sy beneamd wie ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.