Springe nei ynhâld

Maria Suzanna Willinge-Sligcher

Ut Wikipedy
Maria Suzanna Willinge-Sligcher
Maria Sligcher troch Johan Gabriëlse yn 1939
Maria Sligcher troch Johan Gabriëlse yn 1939
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 oktober 1902
berteplak Amsterdam
stoarn 27 maart 1989
stjerplak De Haach
offisjele webside
gjin

Maria Suzanna 'Miep' Willinge-Sligcher (Amsterdam, 1 oktober 1902 - De Haach, 27 maart 1989) wie in Nederlânske frou dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Batavia wenne.

Yn 1927 boaske Maria Sligcher oan Johannes Jacobus Lukas Willinge (1898-1989). Hy waard yn De Helder berne en waard yn septimber 1915 adelboarst.[1] Fan 1918 oant 1921 waard hy nei Nederlânsk-Ynje stoerd, dêrnei hie er tsien jier lang ferskate funksjes by de marine. Hy folge de Hegere Marine Kriichsskoalle yn De Haach en waard dêrnei op de Hr Ms De Ruyter pleatst. Yn 1937 gie De Ruyter nei Ynje. It pear krige trije bern.

Under de oarloch waard Maria Willinge mei de bern ynternearre yn kamp Tjideng, tichteby Batavia, dêr't hja ien fan de fiif froulju waard fan de kamplieding, ûnderhearrich oan de Japanske haadbewakers. Yn it kamp waarden âlde manlju, froulju en bern fêstholden, totaal 11.337, dêr't der 434 fan stoaren. Earst yn 1945 seagen sy en har bern harren man en heit wer. Maria en de bern waarden yn 1946 repatriearre, har man fleach pas yn jannewaris 1947 nei Nederlân. Ein april waard er befoardere ta skout-by-nacht.

Nei de kapitulaasje sette Maria Willinge har yn foar de helpferliening. Yn Nederlân wie se warber yn de stichting Pelita, dy't ferfolgingsslachtoffers út Ynje holp.

Doe't Beatrix op 30 april 1980 as keninginne ynhuldige waard wie Maria Willinge ien fan de fjouwer fersetsminsken dy't optrede mochten as herauten en keningen fan wapens. De oaren wiene Erik Hazelhoff Roelfzema, Ben Ubbink en Liepke Scheepstra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Nederlands Instituut voor Militaire Historie, Den Haag, Willinge, toegang 008, inventarisnummer. 2.1. (sjoen fia Archieven.nl, 11 jan. 2016)