Maria Emma Gray
Maria Emma Gray | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maria Emma Smith Gray | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 1787 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 9 desimber 1876 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biologe | |
aktyf as | konkologe, fykologe, keunstneresse, publisiste | |
jierren aktyf | 1826 – 1874 |
Maria Emma Gray (famkesnamme: Maria Emma Smith; Londen, 1787 – dêre, 9 desimber 1876) wie in Ingelsk biologe, keunstneresse en publisiste. As biologe hja lei har benammen ta op it mêd fan 'e konkology en de fykology. Foar in grut part fan it wurk fan har man, de soölooch John Edward Gray, fersoarge sy de byhearrende tekenings.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gray waard yn 1787 berne as Maria Emma Smith yn it Greenwhich Hospital yn Londen, in sikehûs fan 'e Britske Royal Navy, dêr't har heit, luitenant Henry Smith, doedestiden dokter wie. Yn 1810 troude hja mei in Francis Edward Gray, mei wa't se twa dochters krige dy't har allebeide oerlibben. Har man kaam lykwols yn 1814 al te ferstjerren, wêrnei't se yn 1826 wertroude mei syn efterneef John Edward Gray (1800-1875), mei wa't se trettjin jier skeelde.
Gray ûnderstipe har twadde man, dy't in foaroansteand soölooch en konservator fan 'e Soölogyske Ofdieling fan it Britsk Museum wie, tige by syn wurk, yn 't bysûnder troch faak de yllustraasjes foar syn wittenskiplike publikaasjes te leverjen. Sels wie se ek aktyf as biologe, wêrby't se har benammen talei op 'e stúdzje fan skelpen (konkology) en de stúdzje fan algen (fykology). Tusken 1842 en 1874 publisearre se op dat mêd fiif boekdielen mei etsen en beskriuwings, ûnder de titel Figures of Molluscan Animals for the Use of Students.
Foar it Britsk Museum organisearre Gray de tentoanstelling fan 'e skelpekolleksje fan Hugh Cuming, wêrby't se net inkeld efter de skermen aktyf wie, mar teffens de útstalling sels bewurkmastere. Fierders regele se op it mêd fan 'e fykology in grut tal tentoanstellings op skoallen yn hiele Ingelân, mei as doel om 'e belangstelling foar dy tûke fan 'e wittenskip oan te fiterjen. Har eigen skelpekolleksje en algeherbarium skonk se oan it museum fan 'e Universiteit fan Cambridge.
Gray har oantins wurdt libben holden troch it algeskaai Grayemma, dat yn 1866 troch har man nei har ferneamd waard. Hy liet ek in brûnzene medalje slaan mei harren beider portretten derop, wêrfan't in kopy noch altyd yn it besit is fan 'e Linnean Society of London. Gray oerlibbe har man likernôch in jier en ferstoar yn 1876 yn Londen yn 'e hege âlderdom fan 89 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1842-1874 – Figures of Molluscan Animals for the Use of Students (5 dielen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |