Springe nei ynhâld

Margareta fan Bruce (suster fan Robert I)

Ut Wikipedy
Margareta fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1283
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 2 maart 1316
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk

Margareta fan Bruce (Ingelsk: Margaret Bruce, Normandysk-Frânsk: Marguerite de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1283 – yn Skotlân, 2 maart 1316) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie.

Hja wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en wierskynlik dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick, hoewol't guon histoarisy fan betinken binne dat se gjin dochter fan Marjorie fan Carrick wie, mar mooglik in oerwûn bern fan Annandale en in mêtresse. Yn elts gefal wie Margareta in suster (itsij in folle, itsij in healsuster) fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam.

Oer Margareta fan Bruce is fierders net safolle oerlevere. Se kaam omtrint 1283 te Carrick te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, en troude letter twa kear. Har earste houlik wie mei de ridder Willem III fan Carlyle, en har twadde mei de ealman Jan, hear fan Shelton. Margareta hie teminsten fiif bern:

  • Jan fan Carlyle, ridder
  • Willem IV fan Carlyle, ridder
  • Tomas fan Carlyle, ridder en hear fan Torthowald
  • Adam fan Carlyle
  • Jan fan Bruce-Shelton

Margareta fan Bruce stoar op 2 maart 1316 op in ûnbekend plak earne yn Skotlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: