Marga van Arnhem

Ut Wikipedy
Marga van Arnhem yn 1978

Marga van Arnhem (31 oktober 1940Soest, 22 april 1997) wie in Nederlânsk radio- en telefyzje-presintatrise.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Arnhem begûn, lykas har lettere kollega's Joop van Zijl, Koos Postema, Henk van Hoorn en Paul Haenen, har wurkpaad yn 1961 by Minjon, de jeugdomrop fan de AVRO.

Yn 1968 kaam sy as nije omropster yn tsjinst by it NOS Sjoernaal. Dat wurk die sy trije jier.

Freelancer Van Arnhem gie yn 1971 by it Sjoernaal wei en stapte oer nei it doetiidske "Sport in Beeld" (letter Studio Sport). Dêr wie sy oan de ein fan de jierren tachtich it frouljusgesicht fan Studio Sport.

Marga van Arnhem wie belutsen by hast al it grutte barrens op sportgebiet, sa as de Tour de France, wrâldkampioenskippen en Olympyske Spullen. Yn de útstjoerings dy't de omroppen meielkoar makken oer de Golfoarloch yn 1991 en de wetteroerlêst yn it Nederlânske rivieregebiet yn 1995 wie Van Arnhem te hearren en op 5 oktober 1992 fersoarge sy mei Govert van Brakel it ferslach fan de Bijlmerramp mei de delstoarte Boeing op de Amsterdamske wenwyk.

Al dy jierren die Van Arnhem it radiowurk dêrby. Sûnt 1972 wurke sy by de NCRV-radio, de lêste jierren by Hier en Nu. Teffens presintearre sy jierrenlang it populêre radioprogramma "Met het oog op morgen". Dy lange freelance oerienkomst duorre, mei in ûnderbrekking fan 1984 oant 1986 - by de AVRO -, oant sy lang om let har wurk oerjaan moast fanwege har sykte.

Van Arnhem wie ien fan de driuwende krêften fan it Radio 1-Sjoernaal dat op 1 septimber 1995 begûn te rinnen. Op freeds waard hja 'útliend' foar de deisluting by it NOS-programma 'Met het oog op morgen'.


Marga van Arnhem is opnomd yn it boek 1001 vrouwen in de 20ste eeuw fan histoarika Els Kloek, yn de list fan de Belangrijkste personen in 100 jaar radio dy't opsteld is troch it fakblêd foar omroppers Spreekbuis, en yn de eksposysje Mediavrouwen, makke troch Museum Hilversum en it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid.

Privee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei har houlik mei sportpresintator Jan Kamlag boaske Marga van Arnhem yn 1982 oan Ruud de Boer. Itselde jier krigen se in dochter, Eva. Eva is redakteur by RTV Utrecht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: