Springe nei ynhâld

Mangoesten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mangoeste)
mangoesten
In sebramangoeste mei in jong.
In sebramangoeste mei in jong.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: katdieren (Feliformia)
tuskenskift: siveteftigen (Viverroidea)
boppefamylje: mangoesteftigen (Herpestoidea)
famylje: mangoesten (Herpestidae)
Bonaparte, 1845
Ferspriedingsgebiet
In sebramangoeste mei in jong.
In pear stôksturtsjes.

De mangoesten (wittenskiplike namme: Herpestidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Der binne 35 libbene soarten mangoesten, ferdield oer 15 ferskillende skaaien, dy't foarkomme yn Afrika, Súd-Jeropa, Súd- en Súdeast-Aazje en it Midden-Easten. Teffens libje se op Hawaï en op Porto Riko en guon oare Karibyske eilannen, mar dêr binne se eksoaten. Yn grutte rinne de ûnderskate soarten útinoar fan 30 sm oant 1,2 m lingte, mei in gewicht fan 280 g oant 4,1 kg. Se ite aaien en fruchten, en binne fûleindige jagers op ynsekten, krabben, wjirms en hagedissen, mar se steane der fral bekend om dat (guon soarten) ek gifslangen net út 'e wei geane. De bekendste soarten binne de sebramangoeste en it stôksturtsje, beide út Afrika.

It wurd "mangoeste" komt út it Maratysk, in Yndo-Aryske taal út Midden-Yndia (û.m. sprutsen yn Bombay), fan it wurd मुंगूस, mungūs (útspr: [muŋɡu:s]). It hat wol kâns dat it Maratysk it wer út ien fan 'e Dravidyske talen fan Súd-Yndia oernommen hat (ferlykje Telûgû: ముంగిస, mungīsa; en Kanareesk: ಮುಂಗಿಸಿ, mungisi).

Taksonomysk sjoen waarden de mangoesten oant de 1990-er jierren ta de famylje fan 'e sivetkatten (Viverridae) rekkene. Doe binne se in selsstannige famylje wurden, dêr't earst ek de ûnderfamylje fan 'e Madagaskarmangoesten (Galidiinae), mei 4 libbene soarten, ek ûnder beflapt waard. Mar neier ûndersyk hat útwiisd dat dy nauwer besibbe binne mei de Madagaskarsivetkatten, dat doe is dy ûnderfamylje dêrhinne ferpleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.