Malebrêge
De Malebrêge is in beweechbere fytsbrêge oer de Iem tusken Soest en Hoogland (Amersfoart). De brêge waard iepene op 26 april 2008 mei muzykkorpsen en koaren yn boaten oan beide kanten fan de Iem. De brêge wurdt mei kamera's út Weesp wei betsjinne.
De namme ferwiist nei de Malewjittering, dy’t dêr yn de Iem rint, en de Malen fan Hoogland, in mear as 700 jier âld markegenoatskip dat iuwenlang in foaroansteande rol spile hat yn Hoogland. Oan de eastkant leit it gemaal Maleslûs. Dat gemaal út 1971, pompt sa nedich it wetter út Malewjittering de Iem yn en regelet sa yn de polders fan Hoogland en noard-Amersfoart it grûnwetterpeil.
Foar 1952 gienen Soesters mei in pontsje by de Lytse Melm nei Hoogland. Oan de Soester kant fan de brêge stiet in keunstwurk mei ynformaasjepanielen der by. It byld is makke troch de Soester smid Rein Tupker nei ûntwerp fan de Soester Andre Postma en ynspirearre troch ideeën fan bern fan in skoalle foar fuortset ûnderwiis.
Fanwege de oanlis hat de gemeente Soest in stik lân oan it fytspaad ynrjochte as natoergebiet. Sadwaande kin it ferlies oan rêst in bytsje kompensearre wurde. Op dat stik lân binne de sleatten ferbrede, puoltsjes oanlein. Ek is de âlde kreekstruktuer wer sichtber makke en it wetterpeil is ferhege. It greidlân is yn eigendom en behear fan de Feriening Natoermonuminten.