Hoogland (Amersfoart)

Ut Wikipedy
Gemeente Hoogland yn 1868
De RK-tsjerke fan Hoogland

Hoogland is in eardere gemeente en doarp yn de gemeente Amersfoart, yn de provinsje Utert. It doarp hat 10.255 ynwenners (2021).

It doarp Hoogland makket sûnt 1 jannewaris 1974 diel út fan de gemeente Amersfoart. Oant de jierren fyftich, groeide Hoogland hurd yn de gebieten Langenoord en Bieshaar. 78,2% fan de wenningen heart ta de keapsektor en minder as 10% fan alle wenningen is steapele. Tsjintwurdich is allinnich bûtengebiet Hoogland-West noch ûnbeboud. Hoewol't it doarp hieltiten mear ynsluten rekke is troch nijbouwiken fan Amersfoart (Kattenbroek en Nieuwland en ek Schothorst), is it doarpskarakter noch wol bewarre bleaun.

Mei troch resinte útwreidingen is de befolking frij jong. De gemiddelde ynkommens lizze lykwols heger as it Amersfoarts gemiddelde en der wenje relatyf in bytsje allochtoanen. It doarp kenmerkt him, neffens de bewenners, troch in noflik wen- en leefklimaat. Benammen wat sfear en mienskipsgefoel betreft skoart it doarp heger as it Amersfoartske gemiddelde.

It doarp leit yn in natoerlike omjouwing en oant yn de jierren tachtich wie yn de omkriten meast lânbougebiet. Sûnttiids is Hoogland, troch de sterke útwreiding fan de stêd Amersfoart, fergroeid mei dy stêd.

Yn septimber komt it doarpsgefoel wer boppe by it jierlike Doarpsfeest Hoogland. Dit evenemint lûkt elts jier sa'n 30.000 besikers. It feest is it bêst beoardielde evenemint yn Amersfoart. De minsken jouwe gemiddeld as sifer in 8 foar dit feest, dat folslein sûnder gemeentesubsydzje troch frijwilligers mooglik makke wurdt.

Elts jier is der yn Hoogland, dat fan âlds in roomsk karakter hat, in grut karnaval. Dat wurdt elk jier iepene mei de omdoop fan Hoogland nei syn karnavalsnamme: 't Zandkruuersgat. Dat bart troch de karnafalsferieningen De Eemschuumers en De Hoogenarren. De optocht wurdt organisearre troch De Eemschuumers. Yn 2006 is 't Zandkruuersgat bekroand mei de priis foar de grutste optocht fan Midden-Nederlân. Dy hie dan ek mear as 50.000 besikers yn febrewaris 2006.

Hoogland hat ek syn eigen aktive jongereinferiening, Jong Hoogland. De feriening organisearret feesten, sporteveneminten, útstapkes en toanielstikken foar de leden fan Jong Hoogland. De leden binne âlder as 16 jier. De feriening is yn 1967 oprjochte ûnder de namme Katolike Plattelâns Jongerein (K.P.J.) Hoogland. Sûnt 1 july 1996 is dy namme feroare yn Jong Hoogland. Nei in pear jier mei wat minder aktiviteiten is it tal aktiviteiten útwreide: gersmeandersrees, fierljeppen en ferskate skuorrefeesten. De feriening is ek ferbûn mei oare ferienings. Jong Hoogland en K.P.J. Eemnes foarmje tegearre de K.P.J. Rûnte Noard East Utert. Fia dizze Rûnte binne se ek wer ferbûn mei K.P.J. Utert.

Hoogland hat in grutte skoallemienskip fergelike mei oare doarpen. Sa binne der seis skoallen: de Biezen, de Bieshaar, de Bjirkeskoalle, de Horizon, de Kosmos en de Langenoord. De Biezen en de Bieshaar, lizze krekt foar elkoar oer. De Biezen is in roomske skoalle en de Bieshaar is in iepenbiere skoalle. De Bjirkeskoalle leit by de Berkenfiver. De skoalle is neamd nei de soad bjirken lâns de fiver. De Langenoord leit yn it diel, dat Langenoord hjit, dat de skoalle is nei de buert neamd. De Horizon is in grifformearde skoalle. De Kosmos is de skoalle dy't it meast yn in úthoeke fan Hoogland stiet.

Hooglanders binne grutsk op harren aksint en hawwe hjir dan ek twa bûswurdboeken foar útbrocht.

Hoogland is ek in efternamme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Amersfoart
Flagge fan de gemeente Amersfoart
Stêd: Amersfoart
Doarpen : HooglandHooglanderveen