Hooglanderveen

Ut Wikipedy
Sint Jozeftsjerke

Hooglanderveen is in doarp by de stêd Amersfoort yn de gemeente Amersfoort fan de provinsje Utert. It doarp hat 4.930 ynwenners (2021). Mei karnaval wurdt it doarp oantsjutten mei de namme 't Turfgat.

Troch de bou fan de Amersfoartske wyk Vathorst wurdt Hooglanderveen stadichioan mear ynsluten troch de stêd Amersfoort. Tichtby de buorren fan Hooglanderveen is yn maaie 2006 in nij spoarstasjon komd: stasjon Amersfoort Vathorst. Dit stasjon leit oan it spoar Amersfoort - Swol en leit tusken de stasjons fan Amersfoort-Schothorst en Nijkerk. Troch de útwreiding fan de wyk Vathorst hat Hooglanderveen in fernijde ynfrastruktuer, in grutter winkeloanbod, in nij doarpshûs en in nije akkomodaasje foar har fuotbal- en tennisklup. De huzen dy't oan de râne fan it doarp boud wurde, sille in doarpsk oansjen krije. Yn it doarp stiet in grutte roomske tsjerke, in ûntwerp fan Wolter te Riele. Hooglanderveen hat sûnt 2003 in doarpsferiening mei de namme Veenpower, dy't aktiviteiten organisearret. De Belangenferiening Hooglanderveen komt op foar de belangen fan it doarp, lykas ferkearsfeilichheid, it grien yn en om it doarp ensfh.

Flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hooglanderveen hat sûnt 2009 ek in eigen flagge. De flagge bestiet út fjouwer blokken yn giel en blau, dy't steane foar de sinne en it wetter, de basis foar groei. Tafallich ek de kleuren fan de pleatslike fuotbalferiening. Yn it kwadrant rjochtsboppe stiet in read krús op in wyt flak, ferwizend nei it wapen fan Amersfoort. Oer de midden rint in oranje weach, dizze kleur stiet foar it oranje fan Nederlân en de weach foar de Malewjittering dy't yn Hooglanderveen syn oarsprong hat en wichtich foar de rivierstân wie en noch is foar de wetterstân yn de omjouwing.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Amersfoart
Flagge fan de gemeente Amersfoart
Stêd: Amersfoart
Doarpen : HooglandHooglanderveen