Springe nei ynhâld

Mûseftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûseftige)
Mûseftigen
In pear Mongoalske gerbils.
In pear Mongoalske gerbils.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
Illiger, 1811
De Sinaïstikelmûs.

De mûseftigen (wittenskiplike namme: Muridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.o. de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Mei mear as 700 soarten is it de grutste kjifdierefamylje. Mûseftigen komme fan natuere foar yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar berikten pas mei de minske, fan 1492 ôf, de Nije Wrâld, dy't earder kolonisearre wie troch de nau besibbe famylje fan 'e wrotmûseftigen.

Mûseftigen binne yn 'e regel lytseftige bisten mei in lange sturt en útsteande snorhierren. Guon hawwe langere efterpoaten, sadat se har op in huppende manear fuortbewege kinne, wylst oaren in grypsturt hawwe om it klimmen yn beammen makliker te meitsjen. Se hawwe allegear in earsten gehoar en rooksin, en komme foar yn biotopen dy't útinoar rinne fan wâld oant gerslân oant berchtme. In stikmannich soarten, yn 't bysûnder de gerbils, hawwe har oanpast oan it libjen yn 'e woastyn, wylst de bekendste soarten trouwe, sij it yn 'e regel ûnwinske, selskipsdieren fan 'e minske wurden binne. Mûseftigen binne herbivoaren of omnivoaren, en brûke har sterke kaakspieren en altyd trochgroeiende kjiftosken net inkeld om te iten, mar ek om hoalen gnaujen yn hurde materialen, lykas hout of drûge ierde. Se plantsje har fluch fuort, mei faak ferskate grutte nêsten jongen it jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.