Springe nei ynhâld

Lûdsfilm

Ut Wikipedy
Polygoonsjoernaal, 1931. David Hamburger jr., foarsitter fan 'e Nederlandse Bioscoopbond, oer it lûdsfilmsjoenaal dat it yn 't plak fan it stomme Hollands Nieuws komme soe.

In lûdsfilm is in film mei syngronisearre lûd, of mei lûd dat nei it meitsjen fan 'e byldopnames technologysk oan 'e film fêstmakke is. It is it tsjinstelde fan in stomme film, dêr't gjin lûd by sit. De ierst bekende fertoaning fan in lûdsfilm fûn al yn 1900 plak yn Parys, mar der giene desennia oerhinne ear't de technology safier wie dat it foar filmstudio's ek kommersjeel útkoe om lûdsfilms te meitsjen. It wie dreech om in betroubere syngronisaasje te berikken mei de iere lûd-op-plaatsystemen, en de kwaliteit fan 'e lûdsopname en de fersterking wiene yn 't earstoan ek net goed genôch. Dat waard allegear feroare troch technologyske ynnovaasjes, sadat it njonkelytsen mooglik waard om lûd fan in goede kwaliteit oan byld te keppeljen foar in priis dy't leech genôch wie om noch winst te meitsjen. Dat waard foar it earst mei koarte films dien yn 1923.

De wichtichste stappen op it mêd fan 'e kommersjalisaasje fan 'e lûdssinema waarden yn 'e midden en twadde helte fan 'e 1920-er jierren set. Wat koarter de film, wat ienfâldiger oft it wie om lûd oan byld te keppeljen, dat oarspronklik waarden inkeld koarte films as lûdsfilms útbrocht. Sokke lûdsfilms waarden doedestiden fan 'e stomme film (dy't doe de noarm wie) ûnderskaat troch se talking pictures of talkies te neamen. De ierste langspylfilms mei lûd hiene gjin dialooch, mar inkeld filmmuzyk en lûdseffekten. De earste langspylfilm mei lûd dy't ek dialooch omfette, wie The Jazz Singer, út 1927, dy't makke wie mei Vitaphone, doe it toanoanjaande merk fan lûd-op-plaattechnology. Dy film waard in grut súkses, mar doe't de lûdsfilm yn 'e jierren dêrnei de stomme film hast folslein ferkrong, ûntjoech lûd-op-filmtechnology him ta de standertwize om lûd en byld te keppeljen.

Tsjin 'e iere 1930-er jierren wiene 'talkies' in wrâldwiid fenomeen wurden. Yn 'e Feriene Steaten holp de lûdsfilm by de konsolidaasje fan 'e posysje fan 'e filmyndustry yn Hollywood as ien fan 'e wichtichste kultureel-kommersjele ynfloeden yn 'e wrâld. Yn Jeropa, en yn mindere mjitte yn oare dielen fan 'e wrâld, waard de nije ûntwikkeling yn 't earstoan mei erchtinkendheid ferwolkomme troch sawol filmmakkers as filmkritisy, om't men yn noed siet dat de nije fokus op lûd de unike estetyske skaaimerken fan 'e stomme film stikken meitsje soe. Yn Japan, dêr't doe al in tradysje ûntstien wie dy't it medium fan 'e stomme film mei live-neigronisearring yn 'e bioskopen kombinearre, krige de lûdsfilm mar stadich foet oan 'e grûn. Yn Britsk-Ynje, it lettere Yndia, wie de lûdsfilm krekt it ûntbrekkende elemint dat de needlijende filmyndustry transformearre ta ien fan 'e grutste en fluchst groeiende sektoaren fan it lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.