Springe nei ynhâld

Lângoed Stoutenburg

Ut Wikipedy
Stoutenburg mei koetshús
Stoutenburg
Stoutenburg
Lângoed Stoutenburg

Lângoed Stoutenburg is in lângoed en earder kastiel by Stoutenburg, deunby Amersfoort yn de gemeente Leusden, provinsje Utert.

De skiednis fan it Lângoed Stoutenburg giet werom oant yn de 13e iuw of earder. Yn 1259 bout Walter fan Amersfoort in kastiel. Dat wurdt yn 1540 sloopt. Yn de 17e iuw lit de famylje fan Beye in nij lânhûs bouwe, op it plak fan it âlde kastiel. Dit hûs leit op in omgrêfte heuvel. Foar it hûs leit in plein mei oan beide kanten bygebouwen. It gehiel wurdt omsluten troch in ovale bûtengrêft. De tagong nei it kastiel is fia de Stoutenburgerleane. Der rinne noch ferskillende oare leanen. Dit hûs wurdt yn de rin fan de tiid noch fergrutte. Yn 1833 wurdt it eigendom fan de famylje Luden. Johannes Luden lit tusken 1862 in neo-goatysk "paleis" bouwe, dat syn dochter al nei inkele jierren wer sloopt. Hja lit op in oar plak op it lângoed in nij lânhûs bouwe. Dat bestiet no noch, al is it yn de Twadde Wrâldoarloch slim beskeadige rekke. Nei de oarloch wurdt it in moetingssintrum fan de Fransiskanen. Oant hjoed de dei sit yn it lânhûs it Fransiskaans Miljeuprojekt.

Doe’t it lângoed op syn grutst wie, besloech de oerflakte 750 ha. Yn 1997, as de Feriening ta Behâld fan Natoermonuminten yn Nederlân eigener wurdt, is dêr noch mar 12 ha. fan oer. De Stichting Het Utrechts Landschap, dat it lângoed sûnt 2000 yn eigendom hat, is aktyf dwaande om it lângoed te fergrutsjen, om sa in weardefol natoergebiet yn dit diel fan de Gelderske Fallei foar takomstige generaasjes te behâlden.

Op 12 juny 1259, deselde dei dat Amersfoort stedsrjochten krijt fan biskop Hindrik I fan Vianden, fêstiget Walter (of: Wouter) de hear fan Amersfoort, teffens skout fan Iemlân, him op Stoutenburg. Walter is dêr op syn eigen lângoed dwaande om in fersterke hûs te bouwen, dêr’t de biskop tenei it rjocht hawwe sil kriichsfeinten te legerjen. It hûs wurdt ek wol oantsjutten mei de namme Stuthenborch of Stoutenborch (=grutske boarch).

Der binne fermoedens dat it kastiel fan Walter fuortkomd is út in noch âldere toer (donjon) út de 11e iuw.

Wannear’t Walter ferstjert is net bekend, en ek net hoefolle bern hy hie, mar wol stiet fêst dat syn soan Everardus it famyljegoed yn Stoutenburg erfde. Dy syn soan, ek in Everhard, ferkeapet op 3 juny 1315 de helte fan syn rjochten op de biskoplike lienen om Stoutenburg. As syn heit in jier letter ferstjert, sjocht hy, tsjin betelling fan in skeafergoeding, ek fan de oare helte fan syn rjochten op de Stoutenburgse lienen ôf.

14e o/m 16e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan dat momint ôf is biskop Guy fan Avesnes Hear en master oer Stoutenburg. Hy lit it kastiel yn 1317 ferbouwe en bestimt it ta amtswente foar de skout fan Iemlân. In skoftlang is Stoutenburg in wichtich bestjoerssintrum, mar al gau jouwe de opfolgjende biskoppen - fanwege ivige jildkrapte - it kastiel yn pân út, en yn de twadde helte fan de 14e iuw nimt it belang fan it kastiel noch mear ôf.

Sûnt 1457 wurdt it kastiel ta pachtgoed degradearre en hie it syn militêre betsjutting sa goed as ferlern. Oan de ein fan de 15e iuw wurdt it kastiel plondere en yn de brân stustsen troch Gelderske soldaten. It is net dúdlik hoe’t it kastiel dizze plonderingen trochstien hat, en oft it noch wersteld is.

Nei 1528, as de biskop de wrâldske macht oerdraacht oan Karel V, komt Stoutenburg ûnder behear fan de rintmaster-generaal fan de Domeinen. Yn 1540 wurdt besluten it kastiel ôf te brekken. Yn de dêropfolgjende jierren wurde de stiennen ôffierd nei de stêd Utert, dêr’t se brûkt wurde foar de bou fan kastiel Vredenburg.

Yn 1594 keapet Johan fan Oldenbarnevelt de hearlikheid Stoutenburg. As hy yn 1619 ûnthalze wurdt, wurdt Stoutenburg ferbeurd ferklearre. Yn 1637 wurdt it kocht troch de famylje fan Beye. Dizze bout yn de loop fan de 17e iuw in lânhûs op it stee fan it âlde kastiel. Yn 1754 wurdt Jan François fan Lielaar dermei beliend. Yn 1793 wurdt Stoutenburg eigendom fan Petrus Leonardus Heilman.

In 1833 wurdt de Amsterdamse bankier Anthony Luden eigener fan Stoutenburg. Syn soan Johannes lit tusken 1862 - 1864 nei ûntwerp fan arsjitekt H.J. fan den Brink op it stee fan de foarboarcht in hielendal nij, neo-goatysk hûs bouwe, mei paleis-eftige alluere. Hy lit ek de tún opnij ynrjochtsje, yn Ingelske lânskipsstyl. In grutte fiver mei beplanting der omhinne herinnert noch oan dizze tiid en wurdt "It Ingelske Wurk" neamd. Der steane ferskillende fraaie beammen en in 20e-iuwske filla.

Yn de tiid fan Johannes Luden beslaat it lângoed 750 ha. Yn 1874 ferstjert Johannes Luden. Syn oarehelte, frou Luden-Dolff wurdt eigener fan it lângoed, mar har dochter Maria Suzanna regelt har saken. Al hiel gau lit se it krektboude hûs wer mei de grûn lyk meitsje. Yn 1888 bout se 1000 meter westliker oan de oare kant fan de Barneveldse Beek in nij lânhûs, dat noch altiten bestiet. Maria Suzanna en har man, professor Jean Henri Soulier, lid fan de Italjaanske keamer fan ôffurdigen, brûke it hûs as simmerferbliuw. Winterdeis wenje se yn Itaalje. As Mefrou Luden-Dolff yn 1917 ferstjert, lit se har hiele besit nei oan Maria Suzanna.

Yn de perioade dêrnei wurdt it landgoed hielendal fersnippere. Grutte dielen fan it park, lykas de hiele oertún, wurde lânbougrûn. Op it noardeastlike, âlde kastielterrein wurdt in moderne filla boud.

As de Fransiskanen yn 1948 it troch de oarloch slim beskeadige 19e-iuwske hûs keapje, is it lângoed noch mar 12 ha. grut. It hûs wurdt (spitigernôch net yn de âlde lúster) wersteld, en krijt in ekstra ferdjipping. It wurdt brûkt as moetingsromte foar de oarder. Sûnt 1991 wurket it Fransiskaansk Miljeuprojekt yn en om it hûs.

Yn 1956 waard de Stoutenburgerleane ferlinge, sá dat dizze no oer it âlde kastielterrein rint.

Yn 1997 wurdt it yn eigendom oerdroegen oan De Vereniging tot Behoud fan Natuurmonumenten in Nederland. It Fransiskaansk Miljeuprojekt bliuwt "bewenner" fan it hûs. Ek as it yn 2000 oerdroegen wurdt oan de Stichting It Utertsk Lânskip.

It Fransiskaansk Miljeuprojekt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1 jannewaris 1991 is op Stoutenburg it Fransiskaansk Miljeuproject aktyf. Doel fan it projekt is it ferbetterjen fan de relaasje tusken minsk en natoer. It útgongspunt dêrby is religieus, fanút it ûnderfinen fan de wêzentlike ferbûnenheid fan alles dat skepen is. De spiritualiteit fan Fransiskus en Klara fan Assisy foarmje in wichtige boarne fan ynspiraasje.

It nije hûs Stoutenburg wurdt bewenne troch in kommuniteit, in oekumenysk gearstalde wenwurkmienskip. De kommuniteit libbet yn in religieus deiritme, mei dêryn neist tiid foar wurk, ek tiid far rêst en ynkear en foar mienskiplike aktiviteiten. De kearn fan de groep bestiet út fiif folwoeksenen, mar der wenje ek flechtlingen, sabbatsgasten en oare hûsgenoaten. De kommuniteit bestiet út manlju en froulju, jongerein en âlderein.
Per jier libje sa’n hûndert frijwilligers foar koartere of langere tiid mei yn de mienskip.

De kommuniteit fiert in miljeufreonlik húshâlden, kweekt griente en fruit yn in ekologyske grientetún en beheart de bosk om it hûs hinne op ekologyske wize.

It projekt hat bestjoerlik de foarm fan in stichting. Foar har wurksumheden is dizze stichting ôfhinklik fan jeften en donaasjes. Dêrneist wurdt in diel fan it hûs eksploitearre as lytsskalich konferinsjesintrum.

Finster op de Fallei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn itselde jier dat it lângoed eigendom fan Het Utrechts Landschap waard, yn 2000, presintearre Het Utrechts Landschap yn de "Wike fan it Lânskip" it projekt "Finster op de Fallei". Dêryn wurdt de ûntwikkeling fan natoer yn de direkte omjouwing fan de stêdsrâne fan Amersfoort bepleite, wêrby’t de blik rjochte is op it easten, nei de Gelderske Fallei. Negative kenmerken fan dit gebiet binne:

  • in soad yntinsive feehâlderij
  • (te) folle kij per hektare
  • dongoerskotten
  • kanalisearre beken sûnder natoerlike ouwers
  • rommelige doarpsrânen
  • stynske weet oant de beek

As positive skaaikenmerken fanút it eachpunt fan natoer- en lânskipsbehâld wurde neamd:

  • prachtige wienatte heidegebieten
  • rêstige lânwegen
  • it fóarkommen fan natoerlike beeklopen
  • pleatsen ferskûle yn it grien
  • fraaie kasten
  • iepenstelde lângoederen

Fanút dit gegeven wurdt it petear socht mei oerheidsynstânsjes op provinsjaal en gemeentlik nivo, grûneigeners, boeren, natoerbeskermers, it wetterskip Vallei en Eem ensfh. Doel fan dit petear is om te kommen ta in yntegrale fyzje op de takomst fan it gebiet.

Ut de gearwurking dy’t hjirút fuortkomd is binne wyls in tal projekten ûntstien: de oanwizing fan Schammer en Bloeidaal as natoer- en rekreaasjegebieten en as "oerringebieten" foar wetter út de Fallei is dêrfan ien. In oare is de ûntwikkeling fan Lângoed Stoutenburg ta in nij sintrum yn dit diel fan de Fallei. In sintrum foar natoerûntwikkeling, fersterking fan natoerwearden en werstel fan kultuerhistoaryske kwaliteit.

Lângoed Stoutenburg no

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 2000 hat Het Utrechts Landschap "Stoutenburg" útwreidzje kind mei de Juliusput. Dit is in plasse dy’t inkele kilometers noardeastlik fan Stoutenburg leit, en dy’t ûntstien is troch sânwinning foar de oanlis fan de A1. De Juliusput is no noch net foar publyk tagonklik. De bosk om it nije hûs Stoutenburg is wol foar it meastepart tagonklik. It is meast leafbosk, mei in ûndergroei fan stinzeplanten en in rike fûgelbefolking. Beperkt tagonklik is it boskgebiet ten noardeasten fan it âlde hûs Stoutenburg, mei it âlde "Ingelske Wurk", it park út de tiid fan Johannes Luden.

Yn 2005 hat It Utertsk Lânskip de pleats "Grut Stoutenburg" kocht, dy’t grinzet oan it terrein fan it âlde kastiel.

Lângoed Stoutenburg yn de takomst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foarjier fan 2006 is de Barneveldse Beek, dy’t hjir al hiel lang ferlyn kanalisearre waard, gedieltlik ferlein, en hat in mear natoerlik karakter krigen.

Der besteane konkrete plannen foar de bou fan in (wen-)"kastiel" op it stee fan it âlde hûs Stoutenburg, wêrby’t de Stoutenburgerleane ferlein wurde sil, bûten it âlde kastielterrein om. Yn 2006 is ek it besikerssintrum iepene yn it koetshûs by it nije hûs Stoutenburg. Nije wannelfoarsjennings nei ûnder oare nei de Juliusput sille noch oanlein wurde.

It lange termynperspektyf is in "robúste ekologyske ferbiningssône" tusken Feluwe en Utertske Heuvelrêch, dwers troch de Gelderske Fallei, wêrtroch’t yn de takomst edelherten selsstannich de Heuvelrêch berikke kinne.

It Lângoed Stoutenburg is mei iepenbier ferfier berikber fanút stasjon Amersfoort (oer Leusden - 't Vliet) en stasjon Barneveld Sintrum: bus 79, útstappe Hessenwei halte Stoutenburgerleane. Dêrwei is it tsien minuten rinnen nei de yngong fan it lângoed. De fytsrûte "Gelderse Vallei" komt út Amersfoort wei ûnder oare lâns Stoutenburg. Der binne op en om Stoutenburg al inkele wannelrûtes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: