Lytsewierrumer Opfeart

Ut Wikipedy

De Lytsewierrumer Opfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Lytsewierrum nei de Frjentsjerter Feart besuden Rien.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme Lytsewierrumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lutkewierumer Opvaart.