Springe nei ynhâld

Lytse Japanske boskmûs

Ut Wikipedy
lytse Japanske boskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus argenteus
Temminck, 1844
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse Japanske boskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus argenteus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat inkeld yn Japan foarkomt.

Dizze soarte waard fan âlds yn 'e regel beskôge as in nauwe sibbe fan 'e brânmûs (Apodemus agrarius), mar nij ûndersyk hat útwiisd dat er feitliks net nau besibbe is oan lykfol hokker oare soarte binnen it boskmûzeskaai. Nettsjinsteande de oerienkomst yn namme en ferspriedingsgebiet jildt dat ek foar de grutte Japanske boskmûs (Apodemus speciosus).

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't de namme al oantsjut, is de lytse Japanske boskmûs in lytse boskmûzesoarte, dy't oanpast is oan it libjen yn beammen. Der binne yn Japan fossilen fan dizze soarte fûn dy't tebek geane nei it Midden-Pleistoseen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.