Lynsey de Paul
Lynsey de Paul | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Lynsey de Paul (1974) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lynsey Monckton Rubin | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 11 juny 1950 | |
berteplak | Cricklewood | |
stoarn | 1 oktober 2014 | |
stjerplak | Londen | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1971–2014 |
Lynsey de Paul, wiere namme Lynsey Monckton Rubin (Cricklewood, Londen, 11 juny 1950 – dêre, 1 oktober 2014), wie in Britsk singer-songwriter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lyndsey Monckton Rubin wie in dochter fan Meta de Groot en Herbert Rubin, in projektûntwikkelder.[1] It wie in joadske húshâlding. Hja hie ien broer, John (b. 1944). Letter hat se sein dat hja en har broer mishannele waarden troch harren heit. Hja gie nei de South Hampstead High School en dêrnei it Hornsey College of Art, dat no part fan de Middlesex University is.
Yn 1972 skreau hja de hit Storm in a teacup foar The Fortunes en in pear moanne letter kaam se sels nei foaren mei har grutste hit, Sugar Me.
Yn de jierren 1972-1977 skreau hja 14 hits dy't de hitparades hellen yn de FSA, Dútslân, Nederlân, Frankryk, Switserlân, België, Eastenryk, Sweden, Kanada en Austraalje.
Lynsey de Paul wie ek de earste frou dy't in Ivor Novello Award bemachtige (foar de ballade Won't somebody dance with me út 1973).
Sy fertsjintwurdige it Feriene Keninkryk op it Eurofyzjesongfestival 1977 mei it liet Rock Bottom, dat se tegearre mei Mike Moran skreau en song. Se hellen it twadde plak en hiene in Jeropeeske hit mei it liet.
Mei Moran hat se noch ferskate hits skreaun. Letter waard hja ek produsint, spile se yn musicals en wurke se foar telefyzje.
De Paul stoar yn de âldens fan 64 jier, neffens de BBC nei alle gedachten oan in blieding yn it brein.[2] Se waard te hôf brocht yn de Londenske wyk Hendon.[3]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Surprise
- The World of Lynsey de Paul
- Taste me... don't waste me
- Love bomb
- Before you go tonight
- No Honestly
- Tigers and Fireflies
- Just a little time
- The best of Lynsey de Paul
- Greatest hits
- Best of the 70s Lynsey de Paul
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- "Sugar me/Storm in a teacup"
- "Getting a drag/Brandy"
- "All night/Blind leading the blind"
- "Won't somebody dance with me/So good to you"
- "Ooh I do/Nothing really lasts forever"
- "No honestly/Central park arrest"
- "My man and me/Dancing on a Saturday night"
- "Rhythm and blue jean baby/Into my music"
- "Happy Christmas to you from me/Stick to you (mei Barry Blue)"
- "Hug and squeeze me/You made me write this song"
- "Love bomb/Rainbow"
- "If I don’t get you the next one will/Season to season"
- "Sugar me/Won’t somebody dance with me"
- "Rock Bottom/Shouldn’t say that (mei Mike Moran)"
- "You give me those feelings/Beautiful"
- "Hollywood romance/Losin’ the blues for you"
- "Tigers and fireflies/Losin’ the blues for you"
- "Strange changes/Changes version"
- "Air on a heartstring/Arrival of the queen (mei Horea Crishan)"
- "There’s no place like London/There’s no place like London" (karaoke-ferzje)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|