Lydia Lopokova

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lydia Lopokova om 1912 hinne

Lydia Vasilijevna Lopokova (Russysk: Лидия Васильевна Лопухова), Baronesse Keynes (Sint-Petersburch, 21 oktober 1892 - Londen, 8 juny 1981) wie in ferneamde Russyske ballerina út de earste helte fan de 20e iuw. Sy waard bekend as de frou fan de ferneamde ekonoom John Maynard Keynes.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lopokova waard berne yn Sint-Petersburch, krige har oplieding oan de Keizerlike Ballet Skoalle en gie foar it earst út Ruslân wei yn 1910 foar in toernee mei Les Ballets Russes fan Sergej Diaghilev. Simmer 1910 reizge sy nei de Feriene Steaten, dêr't sy tahâlde oant yn 1916. Doe kaam hja werom by Diagilev en har eardere dûnspartner Vaslav Nijinsky yn de Ballets Russes yn New York en Londen. Yn Londen slagge it har en krij omtinken mei The Good-humoured Ladies yn 1918 en dêrnei mei in skabreuze útfiering fan de Can-can mei Leonide Massine.

Doe't har houlik mei Randolfo Barrochi, de saakwaarnimmer fan it selskip, op'e non roan, wie hja in skoft net te finen, mar yn 1921 ferskynde sy wer by Diaghilev, by wa't sy optrede as Prinsesse Aurora yn De Moaie Sliepster. Ek yn dy tiid rekke syn befreone mei Igor Stravinsky en Picasso waans model sy ek wie.

Nei har skieding fan Barrochi yn 1925, boaske Lopokova mei John Maynard Keynes, in warber lid fan de Bloomsburygroep, in groep fan bohemien skriuwers, artysten en yntellektuelen, dêr't ek Virginia Woolf by hearde. Hoewol't sy troch in part fan dy groep nea as gelikense akseptearre waard, rekke sy dochs befreone mei T.S. Eliot. Lopokova is ôfbyld as Terpsikore, de Muze fan de Dûns, op it mozayk The Awakening of the Muses yn de Nasjonale Gallery yn Londen.

Nie de dea fan Keynes yn 1946 ferskynde sy net folle mear yn it iepenbiere libben en stoar yn 1981 in Londen.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oxford Dictionary of National Biography, Oxford University Press, 2004