Luzac
Luzac is in Nederlânsk patrysjerslaach dat oarspronklik út Frankryk komt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stamheit fan de famylje wie Pierre Luzac (om 1620). Hy wie in Frânsk hugenoat en wenne yn Bergerac. Syn soan Jean Luzac (1646-1729) festige him yn 1689 as keapman yn Amsterdam.[1]
Harren neisieten makken harren in wichtige namme yn Nederlân yn de achttjinde iuw. Etienne Luzac (1706-1787) wie útjouwer fan de Gazette de Leyde, Elie Luzac (1721-1796) wie rjochtslearde, lykas ek Johan Luzac (1746-1807), dy't teffens rector magnificus fan de Universiteit fan Leien wie. Emilie Luzac (1748-1788) wie boaske oan Wijbo Fijnje (1750-1809).
Yn de njoggentjinde iuw wie de liberale minister en rjochter Loadewyk Kaspar Luzac (1786-1861) in opfallend persoan fan dit laach.
Yn de tweintichste iuw wurdt de namme Luzac yn 1947 5 kear fûn yn Nederlân en yn 2007 14 kear.[2] Neisiet Eric Jan Luzac (1953) sette yn 1983 út ein mei in partikuliere skoalle, dy't er nei himsels neamde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |