Springe nei ynhâld

Lucius Columba Murray Bakker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lucius Columba Marray Bakker)
L. C. Murray Bakker, ± 1910
Apteek fan Murray Bakker yn Huzum, no yn it Iepenloftmuseum Arnhim

Lucius Columba Murray Bakker (Penjum, 7 jannewaris 1822 - Huzum, 9 oktober 1911) wie in medikus.

Nei syn promoasje yn 1850 waard er dokter yn Huzum. Hy wie ek meiwurker oan it Frysk Wurdboek en skreau foar tydskriften. Lieten fan him waarden op muzyk set. Fierders hat er brokstikken fan Goethe's Faust yn it Frysk oerset ('Preaukes uet Goethes Faust').

Rients Faber promovearre oan de Frije Universiteit fan Amsterdam op 27-11-2003 mei in boek oer L.C. Murray Bakker.

Priuwke fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winternocht

Oer hoes, oer kloes, oer finne
Leit lelieblank en wyt
Wer winters snietapyt,
Wearoer Gods goudne sinne
Mei bliere strielen gliidt:
Mei speeglig iis befloëre
Is marke, poel in wiel;
Oan toeken, toer in scoëre
Blinkt eptig iisjuwiel.
Wear oars de weagen geane,
Swiet wiggelje op in del,
By riten rou in fel
Nei 't swirk opstouwe en fleane,
Dear rinkelt slide en bel.
Dear riidt nou kreaze Sytske,
In faem asz molke en bloed,
Op 't holtje in tillig kypske,
Sa swierig mei har Sjoerd.
Wha thinkt om tersk, om tjerne?
It iis dat is sa moai,
Wha sit nou klomsk en loai
To stinnen yn hirdsherne?
Eltsien gjiet oan 'e goai.
't Is nocht yn greidhoek, walden,
Yn boukant, wetterlân,
Ninien is thues to halden,
De sceaf boärst uet 'e bân.
Nou gjiet it op in krygen,
Nin ankels bin' nou slop,
Dat hinget reedens op,
Dat riidt nei fiere mygen,
Dat dounzet: hop, hop, hop!
Jouns let yet twiskenbeide
Bij Bokke en Poy-moei oan,
Smoek mei de fammen meide:
What is sa'n libben scoan.
Ja jongfolts smeits nou wille,
Salang 't jim barre mei,
Nim mei sa 'n winterdei:
De nocht is red forsille,
En 't iis theit ringen wei.
Jongfamkes mei reawankjes,
Jongfeintjes mei krol hier,
Lisz op en sjong jim sankjes,
Lisz oan en gean to bier!
Aldgroun! wesz jamk beferzen,
Swaei roege Joekelbird
Al d' ieuwen roun jou swird,
Tjoen blommen op ues gleszen,
Tjoen blommen oan ues hird;
Hjear fryske boykes praten
Oer froulju, waer en wyn
En taepje frjeun en maten,
Jou "boerekoffie" yn!

[1]

  • Faber, R.A., Lucius Columba Murray Bakker, master fan it Fryske wurd (diel I), Samle wurk fan L.C. Murray Bakker, fersen en ferhalen (diel II), Boarnemateriaal Murray Bakker, brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken (diel III). Fryske Akademy Ljouwert 2003. Akademy-nûmer 956. ISBN 90-6171-956-9. Diel I: 508 siden, diel II: 137 siden en diel III: 278 siden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ut: Swanneblommen 1884, s. 75 - 77

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bakker, Lucius Columba Murray.