Lourens Thomas

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Lourens Thomas († Ljouwert, nei 1650) wie in sulversmid. Hy waard yn 1597 master en boaske datselde jier mei Hendrickien Jans. Laurens Thomas is de heit fan Thomas Laurens fan Asperen.

De tsjerklike gemeente fan Eanjum hat in sulveren jûnsmielbeker fan him. Oan de boppekant fersierd mei in râneornamint en op de foet in pearellist. Hjirop steane de gravearre wapens fan de famyljes Schwartzenberg en Holdinga. Der stiet ek in merkteken fan de stêd Ljouwert op. Ut de jierletter L kin opmakke wurde dat de beker makke waard yn 1620. Ut de oanbrochte nammeletters T.L. blykt dat Laurens Thomas dizze beker makke hat. It opskrift: "Cave ut ex poculo benedicto Maledictionum bibas Ao. 1630", dat betsjut: "Wachtsje jo dat jo út de wijde beker gjin oardiel drinke". Dizze beker wie in jefte oan de tsjerke fan, de yn dy tiid op de Holdingaburcht wenjende, Georg Wolfgang fan Schwartzenberg en syn frou Doedt fan Holdinga.

In kollekteskaal fan Thomas út 1639 mei de namme der op fan Wybrand de Geest wurdt bewarre yn it Frysk Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: